“Taalkundige needsituaasje” yn Barcelona

juny 19, 2020 12:53

Yn de stêden Barcelona, Falensia en Palma de Mallorca is sprake fan in “taalkundige needsituaasje”. Dat seit Òscar Escuder, foaroanman fan de Katalaanske taalbewegingsorganisaasje Plataforma per la Llengua. Hy basearret him op resint ûndersyk nei de steat fan it Katalaansk.

Yn Barcelona praat neffens it ûndersyk mar 35 persint fan ‘e ynwenners geregeldwei Katalaansk, hoewol’t dy taal de foarste offisjele taal fan ‘e dielsteat Kataloanië is. Yn Falensia is dat persintaasje ek 35 persint en yn Palma de Mallorca 41 persint.

Escuder wiist derop dat oerheden en benammen de plysje gauris gjin Katalaansk ferstean wolle en sels agressyf reagearje as boargers harren yn it Katalaansk oansprekke of -skriuwe. 72 persint fan ‘e Katalanen wol dat de oerheid mear docht om it Katalaansk te stypjen.

Neffens Plataforma per la Llengua moat de oerheid benammen mear dwaan oan de produksje fan Katalaansktalige films, oan neisyngronisaasje en ûndertiteling fan Netflix yn it Katalaansk en oan de útjefte fan Katalaansktalige boeken.

juny 19, 2020 12:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.