Sybren Singelsma: De koroanakrisis hat ek politike konsekwinsjes

juny 15, 2020 18:59

Skôging

Sawol yn de striid tsjin it koroanafirus as dy tsjin de gefolgen foar de ekonomy hat it regear fiergeand yngrepen yn it libben fan de minsken en harren mienskip. Dat soks bard is op advys fan ‘deskundigen’ docht neat ôf oan it feit dat dat fiergeande politike besluten binne. Want elke yngreep yn de mienskip is in polityk beslút om’t sa’n beslút de stipe fan dyselde mienskip nedich hat.

Wy moatte fansels wol betinke dat as der in krisis is, it wichtichste is dat der in groepke minsken is dat de ferantwurdlikheid nimt en besluten nimt. Noch los fan wat der besletten wurdt. Hannelje is meastentiids better as net-hannelje.

Wat my foaral opfoel is hoe’t de strakkens fan it minsklik tinken libbens koste hat. Twa dingen falle op. It feit erkenne dat der in ramp oankomt én dat it prinsipe fan in eksponinsjele kurve foar de measte minsken dreech yn te skatten is. En dat is net nij, as je de skiednis fan de pest en oare sykten lêze, is it altyd itselde: mei ien of twa siken meitsje de minsken harren gjin soargen, en foardat de measten it yn ’e gaten hawwe, is elkenien siik.

Dat gewoane minsken soks net snappe, dat snap ik wol. Mar dat se dat by it RIVM net yn ’e gaten hiene, dat fyn ik dochs wol wat raar. Elsevier hat in ynteressante rige tweets fan it RIVM yn gronologyske folchoarder set:

https://www.elsevierweekblad.nl/nederland/achtergrond/2020/03/tijdlijn-coronacrisis-in-tweets-rivm-743404/

It is dúdlik dat de minsken fan it RIVM yntelliginte minsken binne, mar sels dy hiene te min foarstellingsfermogen om dat wat se witte te begripen. Dat sil yn de takomst oars moatte.

In oar mentaal dogma wat my opfoel is de ‘Eenheid van beleid’. Minister De Jonge fûn dat der ‘Eenheid van beleid’ wêze moast. Dat prinsipe hat libbens koste.

Want wêrom Brabân en Limboarch net ôfsletten doe’t it dêr mis gie? Want dat je nei karnaval net mear opspoare kinne, dat snap ik wol. Mar wêrom mochten Fryslân, Grinslân en Drinte, dêr’t gjin karnaval fierd wie, net opspoare en teste doe’t de Dútske professor Friedrich genôch testen foarhannen hie? Wêrom moast de Rânestêd ticht om’t Brabân eksplodearre? ‘Eenheid van beleid’ is oan de iene kant in gebrek oan fleksibiliteit yn tinken en eangstme om macht te ferliezen. Want ‘Eenheid van beleid’ betsjut ek: ‘Ik heb de macht’. En macht wie blykber foar De Jonge wichtiger as effisjinte soarch.

Foar de takomst hoopje ik op wat fleksibeler tinken. It is dúdlik dat de politike wil der is om better taret te wêzen op nije epidemyen. En it is net de private sektor dy’t dat oplosse sil. Dus de oerheid sil ynvestearje moatte yn bygelyks IC-kapasiteit, want dy wie dúdlik te min. En dan tink ik, as we no ris al dy ekstra kapasiteit dy’t net alle dagen nedich is, ûnderbringe by de sikehuzen yn de krimpregio’s dy’t faai steane? Soe dat net twa problemen, dy fan it iepenhâlden fan de soarch op it plattelân én it taret wêzen op de kommende epidemy oplosse?

De oerheid hat djip yngrepen yn de ekonomy, oant in punt dat we suver in âlderwetske steatske ekonomy wurden binne. Dat makket it belang fan in goed funksjonearjend polityk systeem allinnich mar wichtiger. Op it stuit wurde we regearre mei in needwet troch in net-keazen premier en ministers. De Twadde Keamer hat net safolle te sizzen, en de iepenbiere oarder wurdt bewarre yn feilichheidsregio’s, oanstjoerd troch net-keazen boargemasters en in net-keazen Minister fan Justysje. De politisy yn Fryslân soene doch ris wurk meitsje moatte fan de oanbefellingen fan de kommisje Remkes (https://www.staatscommissieparlementairstelsel.nl). Dêr steane in soad goede dingen yn, ek foar Fryslan. It is oan de politisy om dy no op de politike wurklist te setten.

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
juny 15, 2020 18:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.