Strjitkeunstner Leon Keer nimt Prinsessehôf ûnder hannen

juny 5, 2020 08:45 Fernijd

Strjitkeunstner Leon Keer is úteinset mei in grutte muorreskildering yn it Prinsessehôf yn Ljouwert. Hy lit him dêrby ynspirearje troch it wurk ‘Hol en Bol’ fan de wrâldferneamde grafikus M.C. Escher, dy’t yn 1898 yn dat gebou berne waard. Mei syn trijediminsjonale fertaling fan it wurk soarget Keer foar optyske yllúzjes yn de wulvige kelderromte fan Eschers bertehûs. De muorreskildering sil fan 20 juny ôf te sjen wêze.

Leon Keer (foto: Prinsessehôf)

Leon Keer wurdt oeral op ’e wrâld frege foar opdrachten op it mêd fan de anamorfyske strjitkeunst, fan de Feriene Steaten oant Australië. Keer makke earder al fjouwer ‘Escheriaanske’ strjittekeningen as ûnderdiel fan it projekt Planeet Escher, by de grutte útstalling Escher op reis yn it Frysk Museum yn 2018.

Thús by M.C. Escher
De muorreskildering makket ûnderdiel út fan de fernijde eksposysje Thuis bij M.C. Escher. Yn de yntime presintaasje bringe foto’s, filmfragminten en foarwerpen de jonge jierren fan Maurits Cornelis Escher tichterby. De ynfloed fan keramyk op syn keunstnerskip wurdt ek dúdlik oan ’e hân fan Spaanske tegels mei moarske ynfloeden. Ta beslút binne fragminten te sjen yn de dokumintêre Het oneindige zoeken van M.C. Escher troch Robin Lutz en Marijnke de Jong.

juny 5, 2020 08:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.