Spaanske rjochter ferbiedt Katalaansk as ynterregionale bestjoerstaal

juny 15, 2020 23:04

De trije Katalaansktalige dielsteaten yn Spanje meie yn ûnderlinge kommunikaasje gjin Katalaansk brûke. Kataloanië, Falensia en de Baleären hawwe wol it rjocht om yntern it Katalaansk as bestjoerstaal te brûken, mar de regionale oerheden moatte ûnderling Spaansk brûke.

Dat hat de heechste Spaanske rjochter snein besletten. Fierders mei de oerheid fan Falensia it Katalaansk net as wichtichste bestjoerstaal brûke. It moat op it twadde plak komme, nei it Spaansk.

It wichtichste argumint foar it ferbod is dat de rjochter de justjes ferskillende foarmen fan Katalaansk fan de trije dielsteaten net as ien taal beskôget. Yn ‘e Katalaanske wet hyt de taal ‘Katalaansk’, yn de Falensiaanske ‘Falensiaansk’ en op ‘e Baleären is de offisjele namme ‘Baleaarsk’. Sprekkers kinne inoar lykwols sûnder problemen ferstean. Neffens de rjochter hat Falensiaansk lykwols gjin offisjele status op ‘e Baleären en yn Kataloanië ensafuorthinne.

Op it stuit kommunisearje de trije regio’s ûnderling foar it grutste part yn har eigen foarm fan it Katalaansk. De Katalaanske presidint Quim Torra hat te witten dien dat er it net iens is mei de útspraak fan de rjochtbank yn Madrid en dat syn regear gewoan trochgiet mei it brûken fan it Katalaansk yn kontakt mei de Falensiaanske buorlju.

juny 15, 2020 23:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.