Snein 28 juny de lêste tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

juny 18, 2020 07:51

Op snein 28 juny stjoert Omrop Fryslân foar de lêste kear live in tsjerketsjinst út, út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei. Sûnt it útbrekken fan de koroanakrisis hat Omrop Fryslân dat yn gearwurking mei de protestantske gemeente fan Frjentsjer alle sneinen dien.

Ofbylding: Omrop Fryslân

De haadredaksje fan de Omrop woe de minsken thús, dy’t harren wyklikse tsjinsten misse moasten, dochs de mooglikheid jaan om live in fiering mei te meitsjen. De tsjinsten foarseagen yn in grut ferlet, want alle wiken seagen der tsientûzenen minsken nei de tsjinst. Dêrby die bliken dat in tredde part fan de sjoggers fan bûten de provinsje kaam. By Omrop Fryslân, mar ek yn Frjentsjer, kamen in soad entûsjaste reaksjes. Neist opmerkingen oer de ynhâld fan de tsjinsten, wie der ek in protte wurdearring foar oargelist Jochem Schuurman, de fêste bespiler fan it histoaryske Van Dam-oargel yn de Martinitsjerke.

Oan de tsjinsten wurken net allinnich de dominys Sytze Ypma en Margarithe Veen fan de protestantske gemeente fan Frjentsjer mei, mar ek foargongers út de katolike tsjerke, de menistetsjerke en dominys út omlizzende gemeenten. Sa wie der in katolike fiering ynklusyf eucharisty mei pastoar Marco Conijn. Fryske pommeranten lykas kommissaris fan de Kening Arno Brok en âld-foarsitter fan de Alvestêdetocht Henk Kroes ferlienden harren meiwurking. Muzikaal waard der ûnder oare meiwurke troch Tetsje van der Kooi, Syb van der Ploeg en Elske de Wall.

Omrop Fryslân hat besletten om ein juny op te hâlden mei it útstjoeren fan de tsjinsten. Nei 1 july meie der nammentlik wer groepen fan maksimaal 100 minsken byinoar komme. Dêrmei wurdt it mooglik om mei in tal beheiningen wer tsjerkefierings te organisearjen. De tsjerklike gemeente fan Frjentsjer sil tenei fia ‘kerkomroep’ sels de tsjinsten yn byld bringe, dat wie oant no ta allinnich mei lûd. Beide partijen sjogge mei in soad foldwaning werom op de gearwurking yn dizze bysûndere tiid.

juny 18, 2020 07:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.