SKS skûtsjesilen giet fan ’t jier definityf oer

juny 27, 2020 18:44

It kampioenskip skûtsjesilen yn Fryslân giet dit jier definityf oer. Dat hat de SKS besletten.

In protte skippers hopen nei de parsekonferinsje fan premier Rutte fan ’t simmer dochs it kampioenskip sile te kinnen. Mar de SKS sjocht dêrfan ôf mei’t it op koarte termyn ûndúdlik is mei hokker maatregels oft de folchskippen en it publyk te krijen hawwe sille. Der soe neffens de SKS ek te min tiid wêze foar skippers en bemanningen om harren ta te rieden.

Skipper Gerhard Pietersma fan Earnewâld hat it smoar yn. “Dit is myn libben en dat nimme se my ôf”, sei er by Omrop Fryslân. Pietersma wol dit jier hoe dan ek it wetter op. “Wy sille sowieso sile. Ik wol dat it wer itselde rint as foarich jier. Dan wit ik dat we foarút kinne. It skûtsje leit der klear foar.”

juny 27, 2020 18:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.