Skrassen sintrale eksamens geunstich foar Fryske learlingen

juny 6, 2020 09:44

Fanwegen de koroanakrisis waarden de sintrale eksamens yn it fuortset ûnderwiis dit jier skrast. Dêrtroch waard it einsifer fan eineksamenkandidaten inkeld bepaald troch de ôfleine skoaleksamens. Foar de Fryske eksamenkandidaten moat dat in ferromming west ha. Yn Fryslân skoare learlingen nammentlik konsekwint heger op ’e skoaleksamens as op ’e sintrale eksamens. Dat docht bliken út ûndersyk fan Greetz dat, yn oanrin nei it lanlike eksamen-flachmomint, data fan it CBS en fan DUO analysearre.

Foto: pixabay.com

Ferromming grut yn Fryslân
De ôfrûne fiif jier skoarden learlingen yn tolve fan de achttjin Fryske gemeenten heger op ’e (al earder) ôfnommen skoaleksamens as op ’e sintrale eksamens. It skrassen fan it sintrale toetsmomint pakte dus posityf út foar in protte eineksamenkandidaten yn Fryslân.

It skrassen fan de sintrale eksamens moat dit jier foaral in ferromming west ha foar skoalbern yn Dantumadiel. Dêr skoarden de learlingen de ôfrûne fiif jier nammentlik 0,4 punt heger op harren skoaleksamens as op ’e eineksamens. In oersjoch fan de resultaten de gemeente is hjir te finen.

Slaggingspersintaazje: Fryske learlingen faak suksesfol
Yn Nederlân slagge de ôfrûne fiif jier yn trochsneed 92,2% fan de eineksamenkandidaten foar it vwo-, havo- of vmbo-diploma. Fryske learlingen skoarden mei in slaggingspersintaazje fan 91,9% hast like goed. Yn dat persintaazje binne yn Fryslân op gemeentlik nivo lykwols dúdlike ferskillen te sjen. Op It Amelân lei dat it heechst (99,5%). Lanlik sjoen diene allinnich learlingen yn it Noard-Brabânske Mill en Sint Hubert it better (99,8%).

Nei ferhâlding stiene yn Fryslân de learlingen op It Hearrenfean der it minst foar mei in slaggingspersintaazje fan 90,2%.

Mear ynformaasje oer it ûndersyk is hjir te finen.

 

juny 6, 2020 09:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.