Sakramintsdei

juny 14, 2020 04:00 Fernijd

Meditaasje 

Twadde Krystdei, Twadde Peaskedei, Twadde Pinksterdei binne ûnbekende feestdagen yn it bûtenlân. We hawwe dy feestdagen te tankjen oan de reformaasje. It binne kompensaasjedagen foar alle frije dagen dy’t ferdwûnen, trochdat de roomske feestdagen net mear fierd waarden. Earlik sein wie dat gjin goede ruil. Der binne ús folle mear frije dagen ôfnommen as dat derfoar weromkamen. Soms wie it eartiids dochs better.

De roomske tsjerke yn Nederlân hat guon feestdagen dy’t yn oare lannen troch de wike fierd waarden, nei de snein ferskood. Dat jildt bygelyks foar Sakramintsdei, dy’t op de tongersdei nei Trinitatis – Trije-ienheid – fierd wurdt. Trinitatis is de snein nei de Pinkster. Hjoed, snein 14 juni, wurdt dus yn de roomske tsjerken yn Nederlân Sakramentsdei fierd. Yn Dútslan, Poalen en België en de Súdeuropeeske lannen waard Sakramintsdei wol op tongersdei 11 juny fierd. Wat is dat foar in feest, Sakramintsdei?

Der binne sân sakraminten yn de roomske tsjerke: doop, foarmsel, eucharisty, houlik, prysterwijing, bycht en sikesalving. It wichtichste sakramint is de eucharisty, dy’t as boarne en hichtepunt fan it tsjerklik libben jildt. By Sakramintsdei giet it dan ek om dat sakramint, by de protestanten jûnsmiel neamd, omdat it ús weromtinke lit oan de jûn dat Jezus brea en wyn dielde en dat syn lichem en bloed neamde. De Latynske namme foar Sakramintsdei is Corpus Christi, Lichem fan Kristus.

Monstrans (dêr’t de hosty, it hillich brea yn sit). Foto: pixabay.com

No kinne we hiele teologyske disputen hâlde oer de betsjutting fan de eucharisty en it jûnsmiel. De roomsken geane derfan út dat brea en wyn echt feroarje yn lichem en bloed fan Kristus, de protestanten tinke dat dat sinnebyldich ferstien wurde moat. De roomsken bewarje it brea, de hosty dy’t oerbliuwt, yn in klúske, in tabernakel. De protestanten fuorje bôle dy’t oerbliuwt oan de einen. In dominy sei ris tsjin my dat it mystearje by de protestanten faaks noch grutter is as by de katoliken. By de katoliken wurdt brea en wyn it lichem en bloed fan Kristus. By protestanten ek, mar nei de plechtichheid wurdt it gewoan wer bôle en wyn. In dûbel wûnder dus.

Dat der net itselde oer tocht wurdt is de reden dat der yn oekumenyske tsjinsten wol songen en bidden, mar gjin brea en wyn dield wurdt. Protestanten hearre net ‘te kommuny’ te gean en roomsken hearre net ‘mei oan’ te gean oan it jûnsmiel. De fraach kin steld wurde fan wa’t de tafel is dêr’t jo wol of net wolkom binne. Is it de tafel fan de tsjerke of de tafel fan de Hear?

Mar jo kinne neffens my ek noch op in oare wize nei it sakramint by útstek sjen. Yn Johannes 1 lêze we:

Yn it begjin wie it Wurd der;
it Wurd wie by God,
ja it Wurd wie God.
Hy wie yn it begjin by God.
Alles is troch Him ûntstien;
bûten Him om is neat ûntstien fan alles wat bestiet.
Yn Him wie libben
en dat libben wie it ljocht foar de minsken;
En it Wurd is minske wurden
en Hy hat ûnder ús wenne,
fol fan leafde en trou. (Johannes 1,1-4.14)

It Wurd is minske wurden. It Gryksk en de âldere oersettingen sizze: it wurd is fleis wurden, lichem wurden. Johannes 1 ferwiist werom nei Genesis 1, it skeppingsferhaal. Dêr hearre we dat God skept troch te sprekken. God sei: ‘Der moat ljocht wêze’ en der wie ljocht. As God wat seit, dan bart it. Dat skeppen bart noch elk momint. De skepping is as it sprekken fan God. As minsken sizze dat se noait wat fan God hearre, antwurdzje ik faak: sjoch om dy hinne, dan hearst Him.

Yn it begjin wie it Wurd, it Wurd wie by God, it Wurd wie God. Dat Wurd is fleis wurden, seit Johannes. Fleis wurden yn Jezus Kristus. It is net by wurden bleaun. As we oer it sakramint prate, dan giet it derom dat Gods Wurd fleis wurden is en dat dat noch altiten bart yn de eucharisty en it jûnsmiel. Mar it giet om mear as om it iten fan in hosty of in stikje bôle. It giet derom dat ek yn ús it Wurd fleis en bloed wurdt. Dat it oan ús te fernimmen is dat we fan God binne. Dat it net by fromme wurden bliuwt, mar dat it oan ús te sjen en te hearren is dat wy minsken fan leauwe, hope en leafde binne. Om my mei it dêrom wol alle dagen Sakramintsdei wêze.

Sipke Draisma, Snits
teolooch en kommunikaajse-adviseur
sipke@draisma.frl

juny 14, 2020 04:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.