Rjochter ferbiedt Iersktalige grêfstiennen yn Ingelân

juny 4, 2020 11:47

De tekst op grêfstiennen yn Ingelân mei net yn it Iersk skreaun wêze. Dat hat in rjochter dizze wike oardiele. Dat die er yn de saak dy’t de Ierske Caroline Newey oanspand hie tsjin de Ingelske steatstsjerke. Hja wol graach dat der op it grêf fan har mem in stien komt te stean mei de Ierske tekst In ár gcroíthe go deo (‘Foar altyd yn ús hert’).

Frou Newey is as bern mei har heit en mem út Ierlân nei Ingelân ferhuze. Thús ha se altyd Iersk praat. Twa jier lyn ferstoar it âldminske. Har widner en dochter woenen doe dat der in stien mei in grêfskrift komme soe yn it Iersk, om’t dy taal foar de húshâlding it eigenst wie. It tsjerkebestjoer yn Coventry, dêr’t it grêf leit, stiet dat lykwols net ta. De rjochter jout de tsjerke gelyk.

In Ierske tekst is foar de measte minsken ûnlêsber, sei er. Besikers fan it tsjerkhôf soenen dy net begripe en dat wie ûnwinsklik. It gebrûk fan it Iersk soe boppedat “as politike die” sjoen wurde kinne. Hy sei dat in Ierske tekst mei in Ingelske oersetting derby wol mocht, mar dat wol frou Newey net. Dan soe de stien “ûnoersichtlik en propperich” wurde, seit se. Neffens de rjochter ûnderfine Ingelsken tefolle negative emoasjes by de Ierske taal. Hy sei: “It soe hiel oars wêze as it grêf yn Ierlân lein hie, mar dat is it Ingelsktalige Coventry.”

No’t de rjochter in útspraak dien hat, lizze de neibesteanden har by de útspraak del. Se sille in twatalich grêfskrift oanleverje. Frou Newey seit dat de twa jier lange striid traumatysk west hat en dat se de saak ôfslute wol.

juny 4, 2020 11:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jehannes Elzinga juny 4, 16:42

    Hoe sit mei oare talen as Iersk? Meie bygelyks Frânske of Dütske nammen wol op grêfstiennen yn Ingelân? En Hebreewske (Joadske) teksten?
    As dat wol mei, is it klearebarre diskriminaasje as Ierske teksten net meie.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.