“Reizen nei Turkije net ferantwurde”

juny 27, 2020 08:46

Premier Rutte achtet it net ferstannich dat Corendon de fakânsjeflechten nei Turkije wer fuortset. Nettsjinsteande it oranje reisadvys (allinnich needsaaklike reizen) is Corendon fan betinken dat minsken wer nei Turkije gean moatte kinne.

Foto: morguefile.com

De organisaasje biedt reizgers de mooglikheid foar de weromreis of yn Nederlân in koroanatest te dwaan. As it firus net oantroffen wurdt, is thúskarantêne net nedich, seit Corendon.

Neffens Rutte is it inisjatyf fan Corendon ûnferantwurde. Minister Blok hat de reisorganisaasje der ek op oansprutsen. Hy seit dat de reizgers dy’t dêr gebrûk fan meitsje, problemen mei harren fersekering krije kinne. Rutte beklamme fierder dat de testen fan Corendon mar beheind sin hawwe en dat de reisorganisaasje dêr ek net oer giet. Hy sei dat der in risiko op ferkearde útkomsten is, mei’t minsken dy’t noch gjin klachten hawwe mar dochs de goarre skipe hawwe, dan te’n ûnrjochte in negative testútslach krije kinne.

Bywurke sneon 27/6 12.00 oere: Neffens Corendon hawwe al hûnderten minsken by de organisator in fakânsje nei Turkije boekt. De reisorganisaasje seit ek skrokken te wêzen fan de “ûnferwachte fûle reaksje” fan it kabinet. Corendon wol mei it kabinet yn petear en hâldt foarsichtich de mooglikheid iepen dat de fakânsjes dochs net trochgean. In definityf beslút folget noch, seit de reisorganisaasje.

juny 27, 2020 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.