Provinsje: alve ekstra maatregels yn ferbân mei koroanaskea (oanpast)

juny 11, 2020 19:47

foto © Provinsje Fryslân

De provinsje Fryslân set fiif miljoen euro ekstra yn foar it stypjen fan bedriuwen en organisaasjes dy’t troch de koroanakrisis rekke binne. Dat bart mei it pakket Lok op 1: No en Moarn. It ekstra jild is bedoeld as oanfoljende needhelp op de maatregels fan it Ryk en de al oanpaste provinsjale regelingen. Brede wolfeart en sirkulêre ekonomy binne de útgongspunten fan dit pakket fan alve maatregels.

Deputearre Sander de Rouwe: “Dit pakket is in oanfulling op de maatregels fan it Ryk en de maatregels dy’t de gemeenten en wysels al nommen hawwe. Wy wurkje hurd om dizze regelingen sa gau mooglik, nei beslútfoarming yn Provinsjale Steaten op 24 juny, de wrâld yn te stjoeren. Sa kinne dizze maatregels noch yn it twadde en tredde fearnsjier fan 2020 útfierd wurde.”

It pakket spilet yn op behoeften dy’t yn de mienskip libje. Der wurdt ynset op sirkulêre ekonomy, gastfrijheid, kultuer, leefberens, soarch en ûnderwiis, dat de regio oantreklik bliuwt om yn te wenjen, wurkjen en rekreëarjen. It belied om der wer boppe-op te kommen draacht sa ek by oan de ambysje út it Bestjoersakkoart 2019-2023 Lok op 1 om yn Fryslân benammen yn kwaliteit fan libjen te ynvestearjen.

It ekstra jild is bedoeld as oanfoljende needhelp op de maatregels fan it Ryk en de earder oanpaste besteande provinsjale regelingen. It pakket ‘Lok op 1: No en Moarn’ is oer trije haadtema’s ferdield: Stimulearring arbeidsmerk (1,1 miljoen), Stimulearring ynnovaasje (1,9 miljoen) en Fêstigingsklimaat (2 miljoen).

Under dy tema’s hingje mei-inoar alve maatregels, lykas: in oanfoljende regeling om de kultuer yn Fryslân te behâlden, in iepen fûns om projekten fan ûndernimmers te stypjen en in fêst bedrach foar bedriuwen foar it begelieden fan (ôfstudear)stazjêrs en -stazjêren. It grutste part fan de maatregels is breed beskikber foar alle sektoaren, foar alle organisaasjes mei in KvK-registraasje. In tal maatregels is dêrneist foar in spesifike doelgroep, bygelyks foar de rekreaasje- en toerismesektor, foar de kultuersektor en foar doarpshuzen en sportferieningen. Dy spesifike doelgroepen kinne ék gebrûk meitsje fan de brede regelingen.

Foar it ta stân kommen fan dit pakket binne petearen fierd mei ûnderskate belanghawwers lykas Rabobank, IPO, UWV, Buma Stemra, Kunsten’92, Doarpswurk, Sport Fryslân en de Taskforce Recreatie en Toerisme.

juny 11, 2020 19:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.