Projekt oer Werkman honorearre

juny 28, 2020 08:57 Fernijd

Mei it plan foar in presintaasje oer de Grinzer keunstner Hendrik Werkman is Museum Belvédère selektearre troch de Vereniging Rembrandt en de Turing Foundation. Om dat te fieren hat it museum in spesjale oanbieding.

Wurk fan Hendrik Werkman (foto: Museum Belvédère)

Museum Belvédère eksposearret yn ’e hjerst in koherinte rige fan Hendrik Werkman (1882-1945), ien fan de ferneamdste modernisten út Noard-Nederlân. In wichtich ûnderdiel fan de presintaasje binne de iere printen ‘Schoorstenen’, ‘Compositie met letter a’, ‘Compositie met gewichten’ en ‘Compositie’, in folsleine rige útjeften fan ‘The Next Call’ en ien fan Werkmans bekendste skilderijen ‘Voerman’ út 1923.

Dy wurken waarden troch keunstsamlers Pleun en Mieke van Toledo yn nauwe gearwurking mei it museum oankocht en as brûklien foar langere tiid yn it museum ûnderbrocht. De útstalling Hendrik Werkman – van Voerman tot Baalschem sil fan 3 oktober 2020 o/m 10 jannewaris 2021 te sjen wêze. Der sil ek in publikaasje by ferskine.

Han Steenbruggen, de direkteur-konservator fan Museum Belvédère skreau oer fjouwer iere printen fan Werkman yn ’e bondel Bekijk het maar, dêr’t ek koarte teksten yn stean oer topstikken fan oare keunstners lykas Willem van Althuis, Gerrit Benner, Jan Mankes en oaren.

Besjoch hjir de publikaasje.

Aksje: wa’t Bekijk het maar bestelt, kriget der fergees in keunstnersbrosjuere oer Hendrik Werkman by en trije aansichtkaarten fan syn wurk. De oanbieding rint o/m 30 juny, sa lang’t der foarrie is.

juny 28, 2020 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.