Printeboek oer reinbôgedolfyntsje ferskynd

juny 19, 2020 11:48

By útjouwerij Elikser is in printeboek ferskynd oer in dolfynstje dat yn de kleuren fan de reinbôge swimme wol.

Ofbylding: Elikser

Oer it boek:
It dolfyntsje Lara wol sa graach yn de kleuren fan de reinbôge swimme.
Se freget oan har freontsjes hoe’t dat moat.
Reno leart har dat se de kleuren op ’e boaiem fan de see fynt.
En Fiola leart har dat se o sa heech springe kin, as se dat hiéééééél graach wol.
Noch heger as de wolken.

Oer de skriuwer:
Marianna van Tuinen (1951) makket sûnt har oplieding oan de Academie voor Beeldende Kunsten ‘Minerva’ printeboeken mei kollaazjes fan papier. Yn 2011 brocht Elikser har boek Ando en de gouden bal út, folge troch De regenboogdolfijn (2012), Hoger en hoger (2013), De Vuurdiamant (2014), De Fjoerdiamant (2014), De buitenaardse reis van Q en Quinta (2015), De bûtenierdske reis fan Q en Quinta (2015), Het geheim van de mist (2016), It geheim fan de mist (2016), Livia’s ruimtedroom (2017), Livia’s romtedream (2017), Remus Reuzenmuis (2018), Remus Reuzemûs (2019), Het huis van Sijmen (2019), en It hûs fan Simen (2019)

Oer de oersetter:
Ytsje Steen-Buwalda is berne yn Seisbierrum (1959). Nei de legere skoalle (yn Slootdorp, Noard-Hollân) en de middelbere skoalle (Ljouwert) hat se yn De Haach de sekretaresse-oplieding fan Schoevers dien. Fan 1978 oant 1984 wie se administratyf meiwurkster by in notaris yn Marrum. Sûnt 2001 wurket se as freelance oersetter en korrektor, ûnder oaren foar Elikser en de Afûk. Yn 2010 hat se it jeugdboek Koning van Katoren fan Jan Terlouw oerset yn it Frysk, en yn 2016 ferskynde har oersetting Jip en Janneke yn it Frysk.

Titel: De reinbôgedolfyn | Skriuwer: Marianna van Tuinen | Oersetter: Ytsje Steen-Buwalda | Tal siden: 30 | ISBN: 978-94-6365-233-9 | Priis:  15,50

juny 19, 2020 11:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.