Presintaasje histoaryske filmbylden kibboets Frjentsjer

juny 2, 2020 10:18

Hjoed, tiisdei 2 juny, presintearje it Frysk Filmargyf, it Histoarysk Sintrum Frjentsjer en it Frysk Fersetsmuseum filmbylden fan de kibboets yn Frjentsjer, dy’t dêr fan 1935 oant 1941 fêstige wie yn it eardere stasjonsgebouke oan de Harnzerwei 45. De bylden binne makke tusken 1937 en 1939.

Byld: Jacob Bramsom

Makker is Jacob Bramson, twadde dokter by PZ Grut Lankum en inisjatyfnimmer en mei-oprjochter fan de kibboets. Syn soan rabby Josef Bramson skonk de orizjinele 8mm-filmkes yn 2013 oan Yad Vashem, it Holokaust Betinkingssintrum yn Jeruzalem. No binne se foar it earst yn Fryslân te sjen. Se binne ûnderdiel fan de útstalling Each yn each mei oarloch yn it Frysk Museum, dat moandei 1 juny de doarren wer iepene. De filmbylden binne ek online te sjen op de YouTube-kanalen fan it Frysk Filmargyf en Histoarysk Sintrum Frjentsjer.

De kibboets yn Frjentsjer wie in hachsjara, in Joadske lânbouskoalle dêr’t jonge zionisten har taretten op emigraasje nei Palestina. Der hawwe mear as tachtich jonge Palestinapioniers wenne. Hja rûnen staazje by boeren yn ’e omkriten fan Frjentsjer en op ’e túnkerijen fan Grut Lankum. Op ’e kibboets sels krigen se Joadske foarming en learden se Ivryt (modern Hibriuwsk), de taal dy’t de Joadske ymmigranten yn Palestina brûkten. De lanbou-oplieding duorre ien oant twa jier en levere in Palestinasertifikaat op. Hast de helte fan de kibboetsbewenners is yndie nei Palestina emigrearre, de measten foar de oarloch, in stikmannich nei de oarloch.

Byld: Jacob Bramsom

Foar de lêste groep bewenners wie emigraasje nei it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch hast net mear mooglik. Hja bleauwen op ’e kibboets te wenjen oant 21 novimber 1941. Doe diene de Dútsers mei de Frjentsjerter plysje in ynfal by de kibboets en waarden de oanwêzige bewenners arrestearre. Twa bewenners koene flechtsje en tsien waarden fia de finzenis yn Ljouwert nei Westerboark oerbrocht. Uteinlik waarden 21 bewenners en âld-bewenners fan de kibboets yn Frjentsjer slachtoffer fan de holokaust.

Om dy koarte mar fassinearjende episoade fan Joadsk libben yn Fryslân út ’e dizen fan de tiid te heljen, hawwe it Frysk Filmargyf en it Histoarysk Sintrum Frjentsjer de ôfrûne moannen ûndersyk nei de kibboets en syn bewenners dien. Fan in protte bewenners dy’t op ’e filmbylden te sjen binne, koe de namme efterhelle wurde. It ûndersyk hat laat ta in lang artikel – Kibboets op de Klei – dat hjoed op ’e webside fan it filmargyf publisearre wurdt. It is de delslach fan in basisûndersyk dat de kommende tiid mei reaksjes en oanfollingen dy’t nei oanlieding fan de publikaasje ynkomme sille, útwreide wurdt, sadat yn ’e takomst mooglik in ryk yllustrearre skiednis fan de kibboets yn Frjentsjer ferskine kin.

Besjoch de films op YouTube:
Film 1937: youtu.be/eTn25IpML30
Film: om 1939 hinne: youtu.be/9dxMQL8deW4

It artikel Kibboets op de Klei is hjir te finen

juny 2, 2020 10:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.