Presidint Trump driget mei leger tsjin gewelddiedige protesten

juny 2, 2020 10:36

Presidint Trump driget it leger yn te setten om in ein te meitsjen oan de gewelddiedige protesten yn de Feriene Steaten dy’t dêr al dagen oan ’e gong binne. De FS is al in wike yn ’e greep fan grutskalige demonstraasjes tsjin plysjegeweld nei oanlieding fan de dea fan de swarte arrestant George Floyd. Hy ferstoar trochdat in plysjeman him by in oanhâlding minutenlang de knibbel yn ’e nekke drukte. Dêrtroch koe er net sykhelje.

Foto: Wikipedia/Michael Vadon – lisinsje CC BY-SA 4.0

Trump spruts foar it earst it hiele lân dêroer ta. De presidint seit dat er alle beskikbere federale middels, sivyl en militêr, ynsette wol om de oarder werom te bringen. Hy leit de skuld foar de gaoatyske situaasje by de gûverneurs, dy’t er swak neamt. Om militêren yn te setten op Amerikaansk grûngebiet wol Trump gebrûk meitsje fan in oproerwet út 1807, de saneamde Insurrection Act. Yn Washington DC is gjin gûverneur, dus dêr kin er dwaan wat er wol, mar foar de oare steaten hat er tastimming fan de gûverneur nedich. Dy tastimming sil er lykwols net samar krije.

By it Wite Hûs wiene yn it pinksterwykein ek protesten. De militêre plysje yn Washington dreau de demonstranten tusken it Wite Hûs en de histoaryske St. Johnstsjerke útinoar mei triengasgranaten en wapenstokken. De boargemaster fan Washington is poer oer it optreden tsjin de freedsume demonstranten.

Pinkstermoandei waard ek demonstrearre op de Dam yn Amsterdam nei oanlieding fan de dea fan George Floyd. Tûzenen minsken diene dêroan mei, wylst troch boargemaster Halsema mar rekkene wie op in pear hûndert minsken. De demonstranten koene net oardel meter ôfstân hâlde. Troch de polityk wurdt in soad krityk utere op boargemaster Halsema omdat se net yngriep.

juny 2, 2020 10:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.