PAL GrienLinks stelt fragen oer fleanbasis Ljouwert

juny 6, 2020 09:24

Foto: pixabay.com

Al in skoftlang wurket fleanbasis Ljouwert sûnder natuerfergunning. De Ynspeksje foar de Leefomjouwing trunet al langere tiid oan op in aktualisearre omjouwingsfergunning. De fraksje fan PAL GrienLinks yn Ljouwert is fan betinken dat ynwenners en de natuer yn ’e omjouwing in passende beskerming fertsjinje tsjin it leven en de útstjit fan de fleanbasis. De fraksje wol in aktivere opstelling fan it kolleezje yn it dossier en stelde dêr in stikmannich skriftlike fragen oer.

De fraksje wol ûnder oare fan it kolleezje witte oft it op ’e hichte is fan it ûntbrekken fan de nedige fergunningen en wat de gemeente dêroer ynbrocht hat yn de oerlizzen mei de Kommisje Oerlis en Foarljochting Miljeu (COVM). Dêrneist wol de fraksje witte op hokker wize it aspekt sûnens meinommen wurdt yn de oanpassingen fan de fergunningen.

De skriftlike fragen binne hjir del te heljen.

juny 6, 2020 09:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.