Pakes comeback (38)

juny 30, 2020 08:00 Fernijd
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Do praatst deryn om. Hoe kinst no tagelyk tiid tekoart komme trochdatst te folle wurk hast en tagelyk tiid oerhâlde omdat der te min wurk is?

Sytske: No, de oeren fan myn kwaliteitsferbetteringsprojekt binne op, omdat it budzjet op is.

Pake: O, it jild is op.

Sytske: Ja.

Pake: En no?

Sytske: No ja, no kin ik moandei niks dwaan.

Pake: Omdat it jild foar dyn projekt op is, kinst dêr neat mear oan dwaan.

Sytske: Sa is ’t.

Pake: Mar do hast ek gjin oare oanslach.

Sytske: Nee.

Pake: En dêrom hast moandei neat omhâns.

Sytske: Ja.

Pake: No, mar dan kinst ommers de iene swierrichheid mei de oare oplosse? Dat is net sa dreech. Foar my is it al útiten.

Sytske: Hoe dan?

Pake: No, ast út dyn wurk rinst, dan hast dus tiid. De koartste klap is dan om dy tiid te brûken om dyn projekt ôf te meitsjen.

Sytske: Mar sa simpel leit it fanself net. Ik ha toch al sein dat it budzjet fan dat projekt op is?

Pake: Mar is der wol budzjet foar neatdwaan, dan?

Sytske: Nee, ek net, fanself.

Pake: Mar as ik it goed begryp, leveret dyn projekt aanst sinten op, alteast der wurdt skielk minder jild fergriemd, as se dy noch efkes trochpiele litte.

Sytske: Jo hawwe it toch noch begrepen.

Pake: Dat dan moatte se no dochs noch in bytsje ynvestearje om aanst in protte jild út te sparjen.

Sytske: Ja, mar alle jild is foar dit én takom jier al fersein. En jo wolle net witte watfoar prosedueres je troch moatte om in potsje foar in oar doel te ornearjen.

Pake: Dat is dyselde burokrasy dy’tsto krekt oanpakke woest?

Sytske: Presys, ja. En dan is der noch in folle grutter probleem. Want no dogge se ek noch in Overhead Value Scan. (se sprekt it wurd mei ûntsach út)

Pake: In wat?

Sytske: (dúdlik arikulearjend) In Óverhead Válue Scán.

Pake: Ja je, ik ferstéan dy wol. Ik begrýp it allinnich net.

Sytske: En dat leau ik dus net mear.

Pake: No moat it net raarder wurder. Do jeuzelest my hjir wat yn jim healwize kantoar-Ingelsk en dat moat ik dan allegear mar wer neikomme kinne? Mar ik wol it wol ris besykje, hear. Lit ris sjen. Value is wearde, dat wit ik noch wol. En ferline jier ha se jim mem har harsens skend yn it sikehûs. Mar o-fer-het? (hy liket it wurd te priuwen op syn tonge) Boppe de holle? Der hinget dy wat boppe de holle? Ja, do sjochst al, as hinget dy hiel wat boppe de holle.

Sytske: (suchtsjend) Overhead slacht op de minsken dy’t gjin jild ynbringe yn de organisaasje.

Pake: Mar jim binne dochs allegéárre amtners? Der is ommers by jim net ien dy’t jild opsmyt. Jim dogge oars net as ús sinten fertarre.

Sytske: Ja, dy term komt ek út it bedriuwslibben, leau ik, mar dat nimme wy no oer. Mar by ús giet it dan om de minsken dy’t net yn it primêre proses sitte. No en dat sit ik dus net. (se sjocht mismoedich en lûkt helpleas oan de skouders)

Pake: O. En wat as dy skenner no seit datst net genôch wearde hast foar it kantoar?

Sytske: Ja, dêr bin ik dus no krekt bang foar. (se begjint hieltyd sêfter te praten)

Pake: En wat dan?

Sytske: No ja, as ús hiele ôfdieling min draait, dan wurdt ús wurk outsourced, bin’k bang.

Pake: Ôfsâlte?

(tongersdei fierder)

juny 30, 2020 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.