Pakes comeback (37)

juny 29, 2020 08:00 Fernijd
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Famke dochs. Do sitst hjir mar wat ferwezen foar dy út te sjen. Wat is my dat no, fergeemje. Sa slim kin it dochs net wêze? Sjoch ris om dy hinne, hoe alderferskuor­rendst moai as it waar is. En wy sille daliks lekker barbekjoeie. No, wat wolst no noch mear? Do litst dy dochs de wille net bedjerre troch dy papiereboel op dyn wurk?

Sytske: (nochris in djippe sucht) Jo kinne jo fansels net foarstelle dat minsken stress krije kinne fan papieren.

Pake: Einliks kin ik my dat net sa goed yntinke, nee. Dy briefkes, dy skoost dochs mar wat hinne en wer? Hoe kin in minske dêr no swierrichheden mei krije?

Sytske: No, trochdat der wol wat mei dien wurde moat. Dy briefkes fan jo, dat binne formulieren en protokollen. Mar sjoch, it probleem is no, dat wy op it gemeentehûs tsjintwurdich marktgerichter werke moatte.

Pake: Hin? Mar jimme binne dochs amtners? Dat jim wurkje wolle, is goed nijs, mar jim hawwe dochs net in merk?

Sytske: Nee, mar wy hewwe in organisaasje-advysburo oer de flier hân en no docht bliken dat wy it altyd ferkeard dien ha. Dat wy sille no úteinsette mei PMC’s

Pake: Watfoar guod?

Sytske: Produkt-markt-combinaties. Mar ja, wat binn’ ús PMC’s? Dat leit by in gemeente noch net sa ienfâldich, fansels. We ha dêrom in heel skoft bezich west om ús produkten te definiearen, dat foel noch net mei. Mar no binne jo tenei net mear allinnich in yngesetene fan de gemeente as jo by ús oan it loket komme, mar ek in klant. En dy útkearing, of wêr’t jo dan ek mar foar komme, is ús produkt en dat moat foldwaan oan de heechste kwaliteitseasken.

Pake: Ja, ja… Mar jim hawwe dochs gjin konkurrinten?

Sytske: Nee, dat net.

Pake: No, dan roait sok blastich praat oer in merk dochs iggen noch seamen? In merk is in plak dêr’t fraach en oanbod byinoar brocht wurde. Mar dat is by jim dochs hielendal net oan ’e oarder.

Sytske: Nee, mar se hiene it ek net oer in merk, mar oer marktgericht.

Pake: Ja, mar men kin jin allinnich mar rjochtsje op in merk as dy der is.

Sytske: No ja, dat wit ik ek net, mar sa seine se it.

Pake: Mar wat is no dan de swierrichheid?

Sytske: No ja, sjoch, in part fan it plan is dat wy effisjinter wurkje moatte en wy moatte no ek ús oeren ferantwurdzje en sa.

Pake: En?

Sytske: En, no ja, de oeren dy’t ik krigen ha foar myn kwaliteitsferbetteringsprojekt binne op, mar ik bin der noch lang net mei klear.

Pake: Wat foar projekt?

Sytske: It moat de prosessen mear stroomlijne. En dat is heech tiid, want alles wurket no byelkoar lâns, dat wy binn’ no in hiel trajekt oan it útsetten foar in fikse effisjinsjeslach. Mar de prosedueres binne yn de rin fan de jierren sa yngewikkeld wurden, dat it no in bealch fol wurk is en dêrom binne we der folle langer mei dwaande as de bedoeling wie.

Pake: O, dus dat projekt hat wol doel!

Sytske sjocht him allinnich mar ferwitend oan.

Pake: Mar eh, de oeren binne op, seiste?

Sytske: Ja.

Pake: En do bist der dus noch net klear mei?

Sytske: Noch láng net, nee. Der moat noch in berch wurk foar fersetten wurde.

Pake: Mar omdat de oeren dy’t derfoar stean om binne, moatst no dochs mei in oar projekt begjinne?

Sytske: Nee, dat is dan wer it folgjende probleem. Ik há gjin oare projekten. Ik rin út myn wurk.

Pake: Oong. Dus eh, do rinst út dyn oeren én út dyn wurk?

Sytske: Ja.

Pake: En dat binne twá swierrichheden?

Sytske: Ja.

(moarn fierder)

juny 29, 2020 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.