Pakes comeback (36)

juny 26, 2020 08:00 Fernijd
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Sytske: Wacht even, hear, in momentsje, ik druk dy even fuort. (se drukt op in knopke op de telefoan en draait har yrritearre nei pake) Kin heit no net éven in momint syn kop hâlde te jeuzeljen? Sjochst toch wol dat ik oan it telefonearen bin. (se wachtet syn antwurd net ôf, grist de telefoan fan de tafel en rint nei binnen) Ja, dêr bin ik wer… (se goait de doar achter har ticht)

Pake: Nee… Nee, dat hie ik net sjoen, nee.

No komt Douwe troch it túnhikje binnen mei in fyts dy’t er delgoait.

Pake: Ha, Douwe. Hoe wie it op skoalle?

Douwe: Êêcht net fijn. Skölle sucks, peek, dat is nét normaal mear.

Pake: Eh, nee, dat eh, dat klinkt oertsjûgjend, dat, dat sil dan wol net.

Douwe: Mar wat sjoch ik? Geane we bahrbecuen? (útsprutsen mei in oerdreaune Amerikaanske roljende ahr)

Pake: Watte?… Ooh, ja, we sille barbekjoeie. Ik is sa’n kostlike neisimmerdei en men wit net hoe lang oft dizze sinnige rite noch trochset, dat ik tocht it moat no noch mar ris in kear heve foardat it goarrige waar aanst wer oankomt. Liket it dy wat ta?

Douwe: Fanself. Bahrbecuen is ramfet.

Pake: No, ik ha meager fleis eh… of eh, dat bedoeldest net, tink?

Mar Douwe is al nei binnen en Sytske komt spinnidich ta de doar út.

Sytske: Fansels bedoelt er dat net en dat witte jo bliksemse goed. Jo hâlde ús hjir allegeduerigen foar de gek en dêr ha ’k skjin myn nocht fan.

Pake: Wat komsto my hjir no wer as in bolderblast ta de doar út brinzgjen?

Sytske: Dat is toch net te leauwen sa’t jo krekt bezich wiene, terwyl ik probear my in bytsje te konsintrearen op dat telefoangesprek. Dat wie wol myn rayónmanager, hear!

Pake: No, wat seid er? Moatte de redens al út it fet?

Sytske: Rayonmánágér (sucht). Sjoch, dat is wer in bewiis, dat jo gewoan de gék mei ús hewwe. Wy altyd mar ús bêst dwaan om ús by jo oan te passen en jo ouwehoere gewoan troch belangrike telefoangesprekken hinne.

Pake: No jù, stel dy oan. Do bist altyd sa koart foar de kop. Ik hoech neat te sizzen of do stiest al wer te roppen en te razen. Hoe koe ik dat no witte datsto yn in telefoanpetear siest?

Sytske: Ik hie toch in headset op!

Pake: Watfoar ding?

Sytske: Lit mar. Mar neffens my dogge jo it der allegearre om. Jo sitte ús stikem belachelik te meitsjen, omdat jo ús taalgebrûk mar niks fine.

Pake: No, it is bytiden ek min te fernearen, ja, no datst der sels oer begjinst. Dy wipwapwurden fan dy bern binne al slim genôch, mar goed, dy binn’ noch jong, mar dy kantoartaal dy’tsto bytiden útslachst, hast no sels net foar it ferstân watfoar apekoal as dat is?

Sytske: Omdat jo dy wurden net snappe, fine jo it mar ûnsin allegearre. Mar foar ús ha dy begripen wol degelik in betsjutting.

Pake: Yn de toanielstikjes dy’t jim op kantoar opfiere bedoelste? Mar dat is dochs noch gjin reden om ús mei dat kletspraat om ’e earen te slaan?

Sytske: O, mar dus jo jouwe wol ta, dat jo my krekt gewoan sieten te nárjen?

Pake: Wannear die ik dat dan?

Sytske: Och, flean hinne man.

Pake: No, bedimje dy ris. Wêrom moatst no altyd sa opljeppend. Hjirre (hy skoot in stoel ûnder de tafel wei) hâld no ris op fan lêbjen en jou dy rêstich del op dizze stoel. (dat docht se) Hjir is in pilske. Ik sil it ek noch efkes foar dy ynjitte. Sa. (Dat docht er) No, en fertel my no ris, hoe wie dyn dei? (hy giet der ek by sitten)

Sytske: Striemin.

Pake: En wêrom dan?

Sytske: (djippe sucht)

(takomme moandei fierder)

juny 26, 2020 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.