Pakes comeback (35)

juny 25, 2020 08:00 Fernijd
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Nee, ik kin der net goed efterkomme watsto oerdei allegear by de ein hast, nee. Mar do leist it my ek noait goed út.

Sytske: Dat prebear ik wol ris, mar jo wolle it noait snappe.

Pake: No, wat wolst drinke, dan pak ik dat efkes en dan sil ik dochs nochris besykje foar it ferstân te krijen watsto hjoed útheefd hast.

Sytske: Jou my mar in pilske.

Pake: Hmmm. Is it net better dat ik tee foar dy set? Of wolst wat fris? Of in sapke?

Sytske: Kinne jo my no noait ris in kear in pilske jaan sûnder dêr kommentaar op te leverjen? Jo moatte der mar ris oan wenne dat froulju tsjintwurdich ek sûpe. Mar miskien is dat pilske net sterk genôch, nee. Sit der noch in jonkje yn dy flesse fan jo? Dan nim ik dêr wol ien fan.

Pake: (rint gau nei binnen) Eh, in pilske dus. Komt deroan.

Pake stapt troch de túndoar de wente yn. Op dat stuit makket de mobile telefoan fan Sytske in alderheisliksten leven.

Sytske: Ja, hallo, mei Sytske. O, hai. Bist noch op it wurk?… Ooh, no, in momentsje, ik pak even de stikken derby. Ik lis dy even del, hear.

Sytske giet stean, pakt har aktetas fan de fyts en hellet dêr papieren út en in lyts eardopke mei mikrofoantsje. Dat makket se oan har telefoantsje fêst, wylst se sitten giet en de papieren foar har útspraat.

Sytske: Dêr bin ik wer hear. No, ik hew de stikken hjir foar my lizzen. Mar yn welke paragraaf stiet it? Dat hew ik net mear helemaal op it netflys.

By de lêste wurden stapt pake wer ta de doar út mei in blêd yn de hannen mei glêzen en bierfleskes. It falt net op dat Sytske oan it beljen is.

Pake: Hast wat op dyn netflues? Dat is net sa bêst. Lit my ris sjen. (hy bûcht him ûngerêst foaroer om yn har eagen te sjen) No, ik sjoch neat. Dyn eagen stean helder.

Sytske: Ja… helder.

Pake: (wylst er wer rjocht stean giet) Krekt, dat sis ik.

Sytske: Ja, mar ast dat troch de eachhierren besjochst, liket it hiel oars.

Pake: Hin? Lit my noch ris sjen dan. (hy bûcht him wer foaroer) No, troch myn eachteisters hinne sjoch ik it séls net sa helder mear.

Sytske: Ja, dat is helder.

Pake: Nee, krekt net. Mar wat tinkst, sil ik de barbekjoei mar ris oanstekke (hy rint nei de barbecue en sil it roaster der ôfpakke )

Sytske: Tínk derom dat dat koartsluten wurdt!

Pake skrillet tebek, mar begjint dan in bytsje te laitsjen.

Pake: Dêr hiest my suver efkes by de poat. Do hellest de boel trochinoar. De elektryske barbekjoei hat dyn eks-man meinommen, hear. Hjir stiet gjin stroom op. Do bist yn ’e beanne. Of wie it in grapke? Dat bin ik oars net fan dy wend.

Sytske: Ja, dat is in goeie.

Pake: No, ja, och, ik bin al lang bliid datst ris in grapke makkest.

Sytske: (neitinkend) Ja, dêr seist wat, dat is in héle goeie.

Pake: No, no moatst net oerdriuwe. Ik skuor my de bûsen noch net út, hear.

Sytske: Nee, dêr hie ik noch net oan tocht.

Pake: Mar, eh, no wy it dochs oer elektrysk ark ha. Ik ha hjoed dy elektryske gersmeaner ris útprobearre, mar dat is in hiel geheister wurden, want dat kring is my ûntkommen.

Sytske: Ja, mar hiest it ek weromkoppelje moatten.

Pake: Ja, ik ha wakker socht om de keppeling, mar…

Sytske: Sa’n systeem is oars samar útrolle, hear.

Pake: Ja, kinst begripe! It kring rôle de hiele tún troch.

Sytske: Nee, mar dêr is in oar gremium foar kaam.

Pake: O, wie it dy dochs opfallen? Ja, dy helske masine fjouwere dwers troch dy potten mei geraniums hinne. No, geraniums oan grôt en potten oan diggels fansels, dat ik ha daliks nijen helle. Ik miende dat ik deselde kleur fûn hie, dat ik hie net tocht dat it dy…

(moarn fierder)

juny 25, 2020 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.