Pakes comeback (34)

juny 23, 2020 08:00

Hjoed begjint it tredde en lêste bedriuw fan it sabeare toanielstik dat It Nijs as soaprige publisearret, om’t der troch de koroanamaatregels op it stuit gjin toanielopfieringen en iepenloftspullen binne.  Sjoch hjir foar de rolferdieling. En sjoch hjirre wat der yn it earste bedriuw barde.

Koarte ynhâld twadde bedriuw

In heal jier nei’t er yn in skrouske hjerst it âldereinhûs út flechte, is der foar pake in nije maitiid oanbrutsen, meidat er him it gat yn de húshâlding fan syn dochter en pakesizzers draaid hat troch dêr de soarchtaak, dy’t syn neiteam sloere litten hie, nei him ta te lûken. Mar hy hat it noch wol dreech mei de nije tiid. Under oare de seksuele moraal fan de krekt oanbrutsen nije iuw is sines net en der is fûleinich strideraasje tusken de generaasjes oer fan alles en noch wat. Pake snapt de nijmoadrige dingen net en de oaren snappe net folle fan syn antike tinkbylden. It geve en bytiden wat âldfrinzige Frysk fan pake oan de iene kant en de strjittaal en it minne Frysk fan syn bernsbern oan de oare kant spylje dêr net swak yn by.
Wylst yn it earste bedriuw de foarbye iuw fan pake noch sintraal stie, draaide it twadde bedriuw mear om de moderne tiid. Dat dy net allinne mar rys mei rezinen bringt, docht bliken út it dramatyske slot fan dat bedriuw, dêr’t de robothûn fan de famylje op grouwélige wize yn oan syn ein komt (sjoch de trochklik hjirûnder).

En dan it lêste bedriuw

Yn it tredde bedriuw is it wer omtrint in heal jier letter. Wurdt it in rêstige neisimmer foar pake? It liket der noch net op. Want de kleau tusken de generaasjes bliuwt, al hat pake it yn syn nije libben aardich op streken. Mar dochter Sytske draacht no harres ek noch wakker by oan it ûnbegryp yn de trijegeneraasjehúshâlding mei har kantoartaal. Dat blykt lykwols noch lang net de slimste taalbarrière te wêzen… Pakes kommentaar op it hâlden en dragen fan de moderne minsken is yn dit bedriuw sa stadich oan beteard yn bytiden goed fundearre maatskippijkrityk. En dat er gauris gelyk hat, wurdt nochris bewiisd as by in slim ûngemak alle moderne helpmiddels gjin fertuten dogge…

Klik hjir foar de foarige ôflevering

Tredde bedriuw, neisimmer

Dekôr: Yn de tún, mei planten dy’t yn de neisimmer bloeie (as dy te besetten binne of oars planten dy’t lykje op dy dy’t dat dogge) en yn ’e midden in tafel mei stuollen. De barbecue stiet klear. Oan de iene kant it túnshikje, oan de oare kant de túndoar nei de keuken ta.

Earste tafriel: in lette freedtemiddei yn septimber

Pake stapt mei in grutte boadskipperstas op de earm troch it túnshikje, mar bliuwt healwei stean.

Pake: (sjocht yn de rjochting dêr’t er wei komt) O, goeie, buorfrou. Wat is het een kraas weer, nou, nu de wind een beetje geluimd is… Ja, dat ik was fan doel noch mar ris een keer te besoeken om wat te barbekjoeijen. Dat, ik dacht, ik moet maar even naar de buren te boodschappen, sie? Wat sei?… Nee, nee, geen boodschap voor u, nee, ik bedoel dat ik heb geboodschapt, als u mij nakomen kunt. Maar eh, wilt u anders aanstonds niet komen te avondpraten?

Watsei?… O, ja, u wou graag Frysk praat’n leer’n, dat was immers ook so… Eh, no ja, wilt u, eh… woene jo faaks mei-ite?… Watte? Nee, jo begripe my ferkeard, ik bedoel net faak. Ik bedoel: jûn. En jo man kin fansels ek mei komme… Wátte? Is jo man wéí? Hoe kin dát no ynienen?… O, hy komt moarn wer… nee, mar dan is er net wei, buorfrou, dan is er fuort… ja, subtyl ferskil, ja… Moatte we oars noch mar ris oefenje. Kin jûn wol by de… ooh, dat is ommers ek sa. Nee, fegetarysk fleis haw ik net meinaam, nee… No, oars hawwe we it der moarn by de kofje nochris oer. Wat sei? Dat it kopke (sprek út: kòpke) der wol by mei? Om wat Frysk te learen, miene jo?… Ooong, nee, jo bedoele it leart wat nofliker mei in kopke (sprek út: kópke), mei kofje deryn… Ja, ek in subtyl ferskil… Oefenje we moarn ek, mar slim is it oars net… Wat sizze jo no? Respektearje ik jo ynset net? Hoe no?… Nee, ik woe sizze dat it net slim is om Frysk te learen… Hoe bedoele jo, dan mar net? Jo dogge krekt, as haw ik wat slims sein… Krekt oarsom? No, moai, ik miende al efkes dat jo slim lilk op my wiene. Mar hoe kom ik dêr ek by, want ik wit ommers wol dat jo net sa’n slimme frou binne. No, goeie mar wer buorfrou,… kom, Bijke.

In Fryske stabij komt troch it túnshikje, dat pake achter him ticht falle lit. Pake set de grutte tas op de túntafel del.

Pake: Sa, we sette de boadskippen mar moai in bytsje bûten dyn berik. Dat wie wol maklik by dyn foargonger, dat dy net nei iten taalde. Mar fierders winsto it oer alle boegen, Bijke.

Wylst pake mei de barbecue begjint te prutsen komt Sytske mei de fyts troch it túnshikje. De hûn stoot fansels op har ôf en nei’t se de fyts oan de kant set hat, boartet se efkes mei it bistke wylst se ferfalt yn kletspraat.

Sytske: Ha, dy Bijke, wêr is der dan, hin? Wêr ís der dan? Piba! Hat er it froutsje mist, hin? Ja, no? Já no? En wat seit er dan? Wat séit er? Piba! Is er bliid dat it froutsje der wer is? Ja, is er bliid? Ja, no? Já, no?

Pake: Dat, dêr wiest al wer?

Sytske: (rint nei in stoel en ploft deryn del) Ja, gelokkich al, pffff.

Pake: Hast net lekker fytst?

Sytske: Nee, it mei dan sneller gean as mei de auto, der is gjin aardichheid oan, yn de stêd. Ik sjoch ûnderweis oars net as asfalt en drok ferkear.

Pake: Ja, dat hja de hiele stêd nei gychem holpen ha, sil ik dy net ûntstride. Mar neffens my pakst dan net it goeie paad. Ik ha dy dochs lêstendeis in prachtich moai fytspaad troch de bosk en oer de greiden oanwiisd?

Sytske: Ja, dat is oardel kilometer om, dus dat is gjin opsje. Pfff, myn earen tútsje noch fan dat leven fan it ferkear. En dan dy útlitgassen. Dat kin noait gesond wêze.

Pake: No, it is altyd sûner as de hiele dei stil sitte, liket my. Op kantoar hast ek net folle beweging. Dy papieren, dy kinst sittendewei hinne en wer skowe.

Sytske: Wêrom moatte jo no altyd sa denigrearjend dwaan oer myn wurk? Jo witte ommers net heal wat ik doch. Tafallich hew ik hjoed in hele swiere dei achter de rêch. Pffff.

(tongersdei fierder)

 

 

juny 23, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.