Pakes comeback (33)

juny 22, 2020 08:00 Fernijd
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Nynke: O. Och, se glide by de kant del. Dit komt net goed.

Pake: Dat komt troch dy soksesen fan froulju. Dy ha de boel yn de bulten jage.

Sytske: Hy kin toch swimme?

Nynke: Folgens de gebrúksanwizing wol.

Pake: Dêr hast it gedonder al. Hja súlkje tegearre it wetter yn. Eh, hoe liket it Douwe?

Douwe: Ik leau dat ik it útfûn he. Hjirmei set ik ’m út.

Pake: Net dwaan, bliksem! Dan leit er daliks op ’e boaiem fan ’e mar.

Sytske: Se binn’ los. Se binn’ einliks los fanelkoar.

Nynke: Dy tekkel swemt al nei de kant.

Pake: Mar der liket ynienen net safolle kriich mear yn Boes te sitten.

Sytske: Och, stakker, hy sjocht dizze kant út. Soed er ús sjen?

Nynke: O, wacht. Ik hè ek noch in ferrekiker mei naam.

Se langet dy oan Sytske oer dy’t him gau oan de eagen set.

Sytske: Och, wat sjocht hy der helpleas út. Hy liket hielendal ferstuivere. Sjoch, hy sjocht my no rjocht oan. O, godskes, hy sjocht krekt as freget er ús om hulp. Hjir moat yn fersjoen wurde. Wat is it alarmnummer? Wy moatte dit mei de hulpferliening koartslute!

Pake: Gean wei, jù. Koartsluting is no wol it lêste dêr’t we ferlet fan ha… Stil ris… Ik leau dat ik him hear. Hark, hy bilet. Dat kin er dus wol. Mar, oe goaien, hûnen dogge dat allinnich mar as der wat goed mis is.

Yndied is der yn de fierte in janken te hearren.

Sytske: Ik kin dit net langer oansjen.

Mar se bliuwt wakker troch de kiker dikerjen

Nynke: Douwe, doch no ris wat.

Pake: Kinst him net dit út swimme litte?

Douwe: Ik sit al te sjen, mar ik wyt it net seker. Hest de gebrûksanwizing net meinaam seker, Nynke?

Nynke: Nee, fanself net. Do dochst altyd krekt as hiest dy sels wol kenne skriuwe.

Pake: Skriuwe kinnen.

Sytske: Neffens my sakket hy fuort. Ik sjoch allinnich syn eagen noch mar. O, godskes! Wat sjocht er wanhopich. It is toch krekt in libbend wezen.

Pake: Miskien is er dat ek wol. Dat seisto dochs wolris, Douwe?

Nynke: No, Douwe, hoe liket it? Bush fersûpt.

Pake: Ja jong, do dochst it dy nochal oan tiid.

Sytske: It giet hurd, hear, Douwe. Ik sjoch no allinnich de earkes noch mar. Dus doch wat.

Douwe: Mar ik wyt net wat. Fukkerdefuk, der binne safolle fukking knopkes.

Sytske: Doch mar wat. Alles is better as niks.

Nynke: Yn ’e film kieze se yn sa’n situatie altyd it goeie knopke.

Douwe: No, toe dan mar.

Douwe drukt en daliks klinkt der fierderop in grutte eksploazje en it lûd fan opspattend wetter. Dan falt de kop fan de robothûn foar de fuotten fan it ûntstelde selskip del. Sytske begjint te âljen as in baarch, Nynke stiet stil te skriemen en Douwe sakket op ’e grûn en begraaft syn holle yn syn earms. Pake pakt de bûsdoek, snút de noas en faget in pear triennen fuort. Se bliuwe allegearre apart stean en sykje gjin stipe byinoar.

It doek falt: de ein fan it twadde bedriuw en (yn alle gefallen as it dekôr noch ferboud wurde moat) skoft.

(moarn fierder)

Yllustraasje: Dinka den Hollander

juny 22, 2020 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.