Pakes comeback (32)

juny 19, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Sytske: Och heden, no sitte se mei de achtereinen oan elkoar fêst. Se wolle allebeide in kant út, mar dat slagget fansels net.

Pake: Sjoch, dat is no krekt wêr’t ik altyd op doel. Elkenien rint mei de meast avansearre apparatuer om, mar as se ûnderwilens harren taal ferslofkje litte, dan ha se dêr ommers noch neat oan. Dat sjochst no wol wer. Wy ha hjir blikstienders in needsituaasje oan ’e fyts hingjen, mar we kinne inoar net iens ferstean en ferspylje kostbere minuten.

Sytske: No, mar ik ha oars ek faak it gefoel dat jo stikem wolris wat wurden út it wurdboek út jo holle leare en dat jo dy dan brûke om de bern op de kast te jeien.

Pake: Hoe no, op de kast jeie? Faaks leare se sa dochs noch ris in bytsje fatsoenlik Frysk.

Sytske: Dus jo jouwe it ta.

Pake: Ik jou neat ta. Tochtst no wier dat ik hjir mei opsetsin kostbere tiid fermuozje soe?

Sytske: Kinne we net by dy bisten komme?

Pake: Dat is in hiel ein. Oan beide kanten fan de fiver rint wetter. Wy moatte dan hielendal werom nei de skoalle. Bliksem, wat in minne boel.

Sytske: Godskes. No draaie se rûntsjes. Mar se sitte noch hieltyd oan elkoar fêst. Sjoch, se draaie as gekken.

Douwe komt der yn sportklean oandraven.

Douwe: Wêr is de brân?

Sytske: Dêre, oan de oare kant fan de fiver. Wat dêr as in bromtop rûn giselt, dat binne Boes en in….eh,… (se sjocht mei in skean each nei pake)… in takshûn.

Douwe: (laitsjend) Hoe spilet er it klear. Dit is wol in fette grap.

Pake: No, wy meitsje ús dochs wat soargen. Hoe kin soks no?

Douwe: Tsja, hy ken dingen leare. En hy imiteart gedrach fan oaren. Sjoch, dy poedel wol ik mei dwaan. En chek dy minsken ris dy’t der omhinne springe. Kickuh, man!

Sytske: Dat binne de eigeners fan dy beide oare hûnen. Och heden, sjoch se reagje no mei syn trijen dwers troch dat ploechje bern hinne.

Pake: Dêr hast de memmen al wer. No wurdt it dêr hielendal rebûlje. Nynke mocht no hast wolris komme. Sjogge jim wol nei har út? Hja soe de fyts pakke. De ôfstânsbetsjin­ning rikt net sa fier, tink? We kinne better al fêst nei de igge rinne, tinkt my.

Douwe: Hin?

Sytske: De kant. We rinne nei de kant fan de fiver. (Se rinne nei it poadium)

Douwe: Dy poedel hè se no, mar dy oare beide binne krekt ontsnapt. Dy beide froulju probeare it nochris. Wat in tastân. Sjoch, se dûke der bovenop. Hè se se?

Sytske: Nee, se bin ûntkaam.

Douwe: Tsjeesus, wat sjogge dy derút.

Pake: Wer in pear froulju ûnder de drek.

Sytske: Harrekrastes.

Nynke komt deroan op de fyts, remmet by de trije oaren, jout de ôfstânsbetsjinning oan Douwe en set dan de fyts op de stander. Douwe ferdjippet him der daliks yn.

Douwe: Even sjen, wy bruke dit ding hast noait.

Nynke: Wêr is er?

De oaren wize.

(takomme moandei fierder)

Yllustraasje: Dinka den Hollander

juny 19, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.