Pakes comeback (31)

juny 18, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Mar sjoch no ris. Dat beteart hielendal ferkeard. Dy âldere frou dêre… dat sil de eigener fan dy taks wol wêze, dy giet derefter oan. Hja moat oppasse, want dêr by de fiver is it allegearre drek. De hûnen giselje as gekken om har hinne. Och, leave santjin, sjoch dêr, hja wâdzje har fan ’e sokken. Och heden noch oan ta. Hja keallet yn de blabze. Dat kostet ús aanst noch jild.

Sytske: Soe it?

Pake: Ja, as it bist skea feroarsaket. Gelokkich, hja sokkeballet wer oerein. Hja hat neat earnstichs, sa te sjen. Och bliksem, dy beide hûnen jeie no tusken dy boartsjende bern dêr troch. Sjoch, dy memmen stean daliks te roppen, fansels. Och heden ja, der mocht ris ien harren bern teneikomme. Mar dy bern fine it just prachtich. Och, der komt ek noch in poedel by. No ha wy hielendal de hichte.

Sytske: Hoe kin soks no. Hy kin toch net jachtich wêze?

Pake: Nee, fansels net. Hy hat dochs gjin hormoanen? Soe it dan dochs dy yuppestroom wêze dy’t se tsjintwurdich ferkeapje, dat dy by him de stoppen trochslaan lit?

Sytske: Bestiet net. Stroom is stroom. Mar miskien is er programmeard om jachtich gedrach te fertoanen.

Pake: Soe it al? Mar dat is dochs wipwap! Hy kin ommers gjin jongen krije? Jù, jou my ris efkes dyn mobyltjse. Ik moat skilje.

Sytske: Wat sille we no ite! Jo sizze toch altyd dat dat sokke ferskriklike dingen binne? Dy’t allinnich mar brûkt wurde foar dom en ûnnut gejeuzel?

Pake: Dat is ek sa. En dit is nei alle gedachten ek de earste kear dat dat apparaat fan dy mei doel brûkt wurdt. Dit is in needsituaasje. Dus kom ris gau mei dat ding foar it ljocht.

Sytske langet him it telefoantsje oer. Pake tikket der wakker op. Se rinne noch hieltyd troch.

Sytske: No, jo koene stikem wol oefene hewwe.

Pake: Och, ik ha de keunst in bytsje ôfsjoen; men kin nea witte, no. (hy hâldt de telefoan noch wol wat ûngemaklik beet) Ja, goemiddei, Douwe, it is mei pake. Eh, over… Ja, mei pake, ja… Jù, wy steane hjir yn it park… Ja, mobyl, ja… Tsjin myn prinsipes, ja, dat is sa, mar dit is in needsituaasje. Wêr bist no? Ja, oan it trainen, dat wit ik wol, mar… O, dat is moai, kinst hjir dan efkes hinnedrave en ús efkes helpe, want Boes is op ’e kletter… Watsei?… Ja, eh, hoe kin ’k dat oars sizze, eh, op ’e rin,… ja. Wy binne by de fiver… Ja, hy is hielendal oerémis. Hy liket wol hjitsich. Hy sit efter twa tylske hûnen oan… Watsei?… Ja, eh, tylsk, dat moastó dochs wol kenne, sjoen dyn hobby. Hoe neamst dat. Lobsk.

Sytske: (rop sa ticht mooglik by de telefoan) Loopsk!

Pake: Ja, en hy hat al in âld wyfke yn ’e weaze wijd…Watsei?… Ja, do kinst dochs noch wol in býtsje Frysk ferstean, net? Eh, hoe kin men dat ek neame, eh,… yn ’e dridze reage… O…, ja, dat is moai…, ja, dan hingje ik nog wer op. O, eh, der falt neat op te hingjen, hoe seit men dat dan… ja, oant daliks. Eh, over en uit.

Sytske sjocht pake freegjend oan. Dy hammeret al wer op de telefoan om. Alles rinnendewei.

Pake: Tafallich hat Douwe bûtendoar training. Hja drave rûntsjes, hjir fierderop yn it park. Dat hy draaft hjir efkes hinne. Mar hy seit, der is ek in ôfstânsbetsjinning, foar needgefallen, lykas ditte. (it beljen handiget him no al wat better) O, ja, goemiddei, Nynke, it is mei my… Ja, mei pake… Ik hoopje dat ik net te bot steur,… mar sjoch, wy steane hjir yn it park… Ja, mobyl, ja… Ja, ik wit wol dat ik dêr altyd op ôfjou. Do bist al de tredde dy’t my dat binnen fiif minuten yn it sin bringt. Mar dit is in needsituaasje. Boes dy… Och heden, hy hat dat taksteefke te pakken. Hearegod, hja binne al drok oan it joetsen…Watsei? Ja, eh, oan it djoeien…, oan it joepen… ja, no wit it ik ek net mear, hear, ast gjin Frysk ferstiest. It Ingelske wurd wol my efkes net te binnen sjitte. Tink dan mar oan watsto fanmiddei diest… Fij, Nynke…, sa hjit dat by minsken, mar dat is dochs gjin taal foar in dame, mar dat is wol wat ik ûngefear bedoel, ja. Dus it is hjir in ferlegene boel. Mar no seit Douwe dat der in ôfstânsbetsjinning is en dy leit ûnder it oanrjocht… ja, ik wachtsje… Hja sjocht efkes… Ja, leit er der? Moai, soest dan asjebleaft… O, geweldich, ja… Wy binne by de fiver,… ja, oant daliks. Nynke komt deroan, seit se. Ik tocht ik sil wol yn it pleit moatte om har fan it stee te krijen. Ik liet al yn my omgean en bied har oan om de hiele wike patat te bakken. Mar dat foel ta, ik hoegde der net iens op oan te stean.

Sytske dikeret yn de fierte. Se steane no stil.

(moarn fierder)

Yllustraasje: Dinka den Hollander

juny 18, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.