Pakes comeback (30)

juny 16, 2020 07:58
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Sytske: Mar it binne no oare tiden, heit. It is no ommers folle gefaarliker op ’e dyk, mei al dat ferkear en sa.

Pake: Och, it is hjir ommers ien grut wenhiem. It binne oars net as bochten en bulten yn de ryddyk, wylst de fytspaden der rjocht en sljocht yn lizze. Dus it is ûnsin om de auto te pakken. De minsken dogge it gewoan út lúkse. Mar dy bern wurde der mei bedoarn, dat wurde allegearre noch gruttere Lútsens as dat har heiten en memmen al binne.

Sytske: No, at dy minsken in auto hewwe dan meie se him toch ek wol brûke?

Pake: Mar dochs net om ’e nocht? Hja ha it allegearre wakker oer it meuly, mar dit is ommers klearebarre meulyfergriemerij. En dan hast it oer de ferkearsfeiligens. No, ik kom dêr om dizze tiid net mear, want ik wurd der alle kearen hast fan ’e sokken riden. Dy memmen foarmje sels it grutste gefaar op ’e dyk, want se hawwe oars net each as foar harren bern en foar de parkearplakken dy’t se foar de oare memmen besykje wei te kapen.

Sytske: Ja, der binne ek te min parkearplakken.

Pake: In âldman mei in hûn wurdt net achtslein. Dat ik bin it libben der al in pear kear hast by ynsketten, wylst sa’n mem dat net iens murk. Dy skuorde dan, as se har hertedieven ôflevere hie, as in healewize wer troch nei har wurk. Dan wurdt der wol sein dat froulju mear hear yn it ferkear binne. No, net as se de wein fol bern ha.

Sytske: Der sille toch ek wol heiten by wêze, tink? Mar jo sizze it sels al, de minsken moatte wer op tiid op har wurk wêze, dat se moatte wol mei de auto.

Pake: It is gewoan wer itselde. De minsken wolle tefolle yn te koarte tiid en se fleane har sels oer de kop en jeie yn it foarbygean ûnskuldige âlde mantsjes mei hûntsjes de ûnderwâl yn. Oer hûntsjes praat, ik sjoch Boes noch hieltyd net. Dêr by dy skoalle is der yn alle gefallen net. Mar faaks moatte wy dêr dochs ris efkes sjen. Der soe gjin rie ta wêze as er oanriden wie. Hy kin dêr wol oan diggels lizze.

Sytske: No, dat ha ’k einliks net oan tiid. Ik moat wol in bytsje troch avenseare.

Pake: Ja, wat is no wichtiger. Dit ferset de sinnen dochs ek wat. Of, eh, moatst ek betelje ast net komst?

Sytske: Uteraard.

Pake: O, no dan is it fansels skande fan de sinten ast der net hinne giest. No, dan sil ik wol…

Sytske: Ja, heit soe my it paad wize.

Pake: Wat is my dat no. Do wennest hjir dochs folle langer as ik?

Sytske: Ja, dêr ha wy it al oer hân. Ik bin ek sa’n ferkearde frou dy’t noait rinnende giet. Dus as jo no safier mei my rinne dat jo it winkelsintrum oanwize kinne, dan kinne jo dêrnei wol om ’e hûn sykje.

Pake: No, goed, mar ik begjin in bytsje ûngerest te wurden, sjoch.

Sytske: Och, dy rint net yn sân sleatten tagelyk, jù. Heechstens yn ien en hy is wetterbestendich, dus dêr kin er wol oer. Dat jo trouwens sa goed mei sa’n nijmoadrich ding oerwei kinne.

Pake: Och, ja, jù. It is krekt in echte hûn, no. En ja, hy is ek wat in bûtensteander, no, krekt as my. En wy binne mei ús beiden de iennichsten dy’t op ’t heden gjin lêst hawwe fan maitiidsjokte; dat skept ek in bân. En dan seit Douwe dat bewustwêzen net foarbehâlden hoecht te wêzen oan wêzens fan fleis en bloed, dat wa wit…

Sytske: Is dat him net, dêre oan de oare kant fan de fiver?

Se wiist. Pake dikeret mei de hân boppe de eagen.Underwilens rinne se fierder.

Pake: Och heden, ja. Mar wat docht er? Hy rint oars net as rûntsjes. It liket wol as hat er in klap mei de moalpûde hân.

Sytske: Hy sit ergens achteroan. O, in tekkel.

Pake: Wrachtich, hy sit in takshûn benefter. Sjoch dy hûnen ris oangean en mâltjirgjen.

Sytske: Kom, wy moatte fierder.

(tongersdei fierder)

juny 16, 2020 07:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.