Pakes comeback (29)

juny 15, 2020 08:49
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Sytske: Ik stean der gewoan blank mar kritysk tsjin oer.

Pake: Der wiene doe hast gjin blommen te krijen. De blombollen wiene opiten yn de hongerwinter. Mar ús mem hat my der wol hinne stjoerd mei in pantsje snert.

Sytske: Snert? Wat is dat no foar earmoedich wolkom?

Pake: No, it hat harren oars bêst smakke.

Sytske: Mar mei in bytsje iten binne je noch net klear.

Pake: Och, fanke flean op. Ik sis dochs dat wy goed mei-inoar koenen. Yn de oarloch hat de broer fan Abraham, Izaäk, nochris in skoft by ús ûnderdûkt sitten. Mar hy koe it yn ’e hûs net úthâlde en rûn tsjin de lampe. Dy stumper is omkommen yn it kamp. En nei de oarloch hiene wy it earst ek min, hear, we hiene genôch oan ússels. Elkenien besocht doe yn it foarste plak foar himsels op te kommen. Abraham krekt likegoed. Dat myn folk syn broer ûnderdak bean hie, wjerhold dy âld Joad der net fan om jim mem en my letter in falske Fryske staasjeklok te ferkeapjen, mei mar de helte fan it oerwurk dat deryn heart. Dêr ha wy earst noch jierren spul om hân. En tink mar net dat menear dêr syn ekskuzen foar oanbean hat. Mar lykwols ha wy yn letter jierren noch in soad mei inoar skaakt.

Sytske: (dreamerich) Ik moat der ynienen wer oan tinke dat ik as bern altyd stikem fereale wie op de jongste fan him, Benjamin. Dy hie sokke moaie brune eagen en sok pikswart hier. Dy soe ik noch wol wer ris moetsje wolle.

Pake: Hin?

Sytske: No, at jo net wolle, dan sil ík wol gean.

Pake: Do dochst mar, ast myn namme mar net neamst, ik wol der neat mei te krijen ha. Of ja, doch dat mar wol, mar freegje dan daliks mar it jild foar de kost en ynwenning fan dy Izaäk werom.

Sytske: No moat it net raarder wurde.

Pake: Wêrom net? Hja krije no allegear noch smertejild útkeard. Dat, wy moatte ús der no ek byjaan, want wy ha doe nea wat fan harren bard.

Sytske: Mar dy man is ommers dearekke.

Pake: Ja, dêrom woene wy der doe ek neat foar ha. Mar dat skynt langer neat mear út te meitsjen. Der wurdt no oeral mei jild smiten nei neibesteanden en sels nei organisaasjes dy’t sizze dat se de slachtoffers fan doe represintearje. Dus dan mei ik der ek noch wol in dofke jild oan oerhâlde.

Sytske: Wat is my dit foar praat.

Pake: Krekt sok dom praat asto hast mei dyn healwize ekskuzen. En wêr giet it dy no einliks om? Do hellest dy dochs net yn ’e holle om dy jonge oan ’e heak te slaan? Dy sil wol in hok fol bern ha.

Sytske: Wêrom sjocht heit it toch altyd sa swart-wyt. It kin toch gjin kwea om elkoar wer ris te moetsjen?

Pake: Pas mar op. En do witst it. Twee geloven op één kussen, daar slaapt de duivel tussen.

Sytske: Ach, hâld op. Wy komme sels ek noait mear yn tsjerke.

Pake: Ja, dêr woe ik it nochris mei dy oer hawwe.

Sytske: Hjoed net!

Se trêdzje no efkes stil troch.

Pake: Mar hawar, it ferset de sinnen dochs wat, fynst net? Sa wat yn de bûtenlucht en in noflik petearke.

Sytske: Hm.

Pake: No, ik ha dy teminsten salang as wy bûten binne al net mear heard oer dy keardel. Ik tink dat dit better foar dy is as sa’n terapeut.

Sytske: Hm.

Pake: Mar eh, wy wiene sa drok oan it petearjen dat wy Boes net mear yn it each holden hawwe. Wêr is er einliks bedarre?

Se sjogge beiden wakker om har hinne

Sytske: Is er dêr net, yn dy drokte? (se wiist de seal yn) Wat is dat einliks?

Pake: Dat is in legere skoalle. De bern moatte langer mei de auto nei skoalle brocht wurde, sa’t it skynt. En helle. Ik wit net wêrom, want it binne allegearre húshâldingen út de buert. Dat ik kin der net by wêrom’t dy bern net gewoan sels rinnende of op de fyts nei skoalle kinne. Ik moast eartiids fiif kilometer rinne nei skoalle, mar leau mar net dat ús folk deroer prakkesearre en bring ús. Dat hie ik oars ek net iens wollen. De oare bern hiene my útlake. No, en dy ha wy ek nea brocht, tocht ik.

(moarn fierder)

juny 15, 2020 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.