Pakes comeback (27)

juny 11, 2020 08:00 Fernijd
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Twadde tafriel: justjes letter

It twadde tafriel spilet him foar de tichte gerdinen ôf, of yn de seal as dat mooglik is (tagelyk soe it dekôr ferboud wurde kinne foar it tredde bedriuw). Der binne fluitsjende fûgeltsjes te hearren. Sytske rint mei de hannen yn de bûsen en sjocht nei de grûn. Pake sjocht wakker om him hinne.

Pake: Sjoch ris oan, wat in pronkseal fan beamtegrien. Sjoch it bloeisel fan dy kastanjebeam ris. En dat gersfjildsje dêre tilt op fan de maitiidsblomkes. Spitich dat it noch mar sokke lytse hoekjes lân binne dêr’t men dat sjocht. Moatst dy ris yntinke dat it hjir, doe’t ik lyts wie, der rûnom sa útseach, sa fier as men mar sjen koe. En oeral songen ljippen, skriezen en ljurken harren liet. Dy sjoch ik net folle mear, safier is ’t hinne. Ik wie fan doel en gean ris mei Douwe te aaisykjen. Mar dy jonge is altyd sa ûngeduldich, dat ik tocht, ik sil de ekspedysje efkes goed tarisse. Ik oriïntearje my al yn it foar wat en ik sykje alfêst in pear nustkes op. Dan haw ik se mei de jonge gau weromfûn en kinne we de gong deryn hâlde, tocht ik. Mar moatst net tinke dat ik wat fine koe. Der wiene hast gjin fûgels! It lân wie ek sa drûch as moal. Dêr kinne dy bisten ommers gjin iten op garje. Op it lêst fûn ik noch ien oerstjoere ljip. Hy pipe him it hert út it lyfke. In amerij letter kaam ik derefter wêrom. Syn nust wie oan grôt riden. De aaien wiene oan smots. De djerre lei in meter fierder. Op de oare ein fan it fjild seach ik de boer op in ôfgryslike grutte meanmasine. Ik derhinne. Ik sei, kinne jo net better útsjen, dêrboppe op dat ûnhuer grouwe ding fan jo, no hiene jo hjir noch ien nustke op it hiele fjild en no ride jo dat oan stront. Waard er my dêr dochs lilk. Ik ha mar makke dat ik fuortkaam. Ik moast tinke oan dy kloat fan in Brimsma. Mar it ferskil wie dat ik doe altyd mei in pet fol aaien thúskaam.

Sytske: Nimme we wol it koartste paad?

Pake: Fansels. Mar ik woe mar sizze, dat binne de echte problemen fan hjoed oan de dei. En dêr binne gjin terapeuten foar, dy’t it probleem in plak jaan kinne. Wat sis ik? Dy fûgels is gjin plak mear foar, dat ís krekt de swierrichheid. Mar sis do ris wat. Wat fynst dêr no fan?

Sytske: Hin?

Pake: No, wat seist my no fan sa’n boer?

Sytske: Wolle jo allinnich jo eigen opfetting nochris fan my hearre of binne jo wier ynteresseard yn mýn miening?

Pake: Fansels bin ik ynteressearre yn hoe’tstó deroer tinkst.

Sytske: No, dy boeren wolle tsjintwurdich gjin minsken mear op hun lân hewwe. Se binne ôfgryslike benaud foar besmetlike feesykten. Se binne o sa foarsichtich wurden sûnt dy MKZ-epidemy, in jier as wat ferlyn. Dat dy man skrok, tink, toen er jo dêr ynienen op syn lân seach.

Pake: Och, yn ús tiid wie der safolle tongblier. Dat is dochs net eat om sa’n drokte oer te meitsjen. It koene allegearre wol Lútsens wêze, op ’t heden.

Sytske: Lútsens?

Pake: Ja, mytsjes. Sels dy boeren. Okkerjiers, doe’t der safolle bisten ôfslachte waarden, seach ik op de telefyzje sels boeren dy’t foar de kamera yn gûlen útbarsten. No, dan binn’ jo dochs wol fier hinne.

Sytske: Dat wiene se ek. Sy rekken al hun kij kwyt.

Pake: Ja, mar dan giet men dochs net publyklik stean te skriemen? Soks soe my út noch yn net oerkomme.

Sytske: Dat is miskien wol krekt jo probleem, jo wolle net útkomme foar jo emoasjes.

Pake: Myn probleem? Hoe komst derby? Ik ha hielendal gjin swierrichheden. Mar wy hiene it oer dy boeren. Earst litte se harren har fee ôfpakke en dan geane se foar de telefyzje stean te janken. Ik hie dat fee al net fuortgean litten. Ik hie dy lju fan it regear fan it hiem ôfreage. Hja hiene net oan myn fee kommen.

Sytske: Dat is domme praat, heit, dan hiene se jo ommers yn de gefangenis stoppe. Se hewwe dat no ienkear mei-elkoar ôfpraat, dat se dat sa oanpakke soene. No, en dan moatte jo je dêr oan hâlde.

Pake: No, se krigen my oars net sa gau yn de finzenis. En ik wit net wa’t dat mei-inoar ôfpraat hawwe, mar it soarte boeren dat ik altyd kend haw, hat dêr grif net by belutsen west. Ik tink dat dy drûchkloaten fan amtners yn De Haach en Brussel, dy’t noch nea in bûthús fan binnen sjoen ha, dat ûnderinoar bedigene ha.

Sytske: Bûthuzen wurde ek net mear brûkt. Tsjintwurdich binne it lisboksstâlen, hear.

Pake: Ja, dat is al sa wat. Dy healwize grutte dingen, dy’t it lânskip bedjêre. Mar wat ik sizze woe. Wa betinkt it no om hûnderttûzenen bisten nutteleas ôf te meitsjen, dy’t net iens siik binne.

Sytske: Dat hjit preventyf romjen.

(moarn fierder)

juny 11, 2020 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.