Pakes comeback (26)

juny 9, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: En ik wol net leauwe dat it dêr allegearre better fan wurden is.

Sytske: Ik hoegde gjin winkel oer te nimmen, sa as jo. Dêr koene jo ommers net iens ûnder út? Hie dat dan wol jo earste keus west, at jo kieze kinnen hiene? (dreamerich) Ik mocht leare, ik koe alle kanten út. Dus ik koe kieze wat my it gelokkichst makke.

Pake: No, it wol my oars net oan dat wy minder gelokkich wiene as jim no. Krekt oarsom. De minsken fan tsjintwurdich ha neffens my te folle kar. Mar it slagget harren meastentiids net goed om út alle mooglikheden in kar te meitsjen en hja wolle dêrom alles. Omdat der fierstente folle kin, miene se dat it ek allegearre moat. Mar as dat dan net beteart lykas tocht, wurde se oerspand. Nim no dat minske fan hjirnjonken…

Sytske: Wa is dat?

Pake: Dyn buorfrou. Ungefear fan dyn jierren. In bytsje jonger faaks.

Sytske: Dy ken ik net.

Pake: No, ik al. En hiel goed ek. Better as dat ik myn eigen buorlju eartiids ea kennen ha. Want it hert leit har op ’e tonge. Ik wit alles al fan har. Ek dat se graach bern ha wol, mar dy komme mar net. Hja hat te lang wachte, omdat se earst in karière ha woe. Mar no moat it dochs noch. En omdat dat net slagget sjout it minske alle dokters en spesjalisten en sikehuzen bydel en hja hat al hiel wat kearen k.y. ûndergien, mar altyd wer om ’e nocht. Ferline moanne hat se it nochris besocht mei in nije eksperimintele technyk en doe’t dat ek wer net slagge, wie se hielendal fan it hynder. En no sit se noch altyd telider slein thús. In protte ellinde, noch hieltyd gjin bern en de karière stûket fan gefolgen ek noch. Dat ik nûgje har wolris foar in bakje.

Sytske: En dan fertelle jo har seker dat se noait achter it oanrjocht wei komme moatten hie? No, miskien moat je dat mar net mear dwaan. Dan is se der wierskynlik earder wer oer hinne.

Pake seit efkes neat en Sytske docht har jas oan, wylst Bush wer tsjilpet.

Pake: No, ik sjoch wol dat it net slagget om dy de kosten fan dit konsult yn de bûse hâlde te litten. Mar wat kant moatst út? Sille Boes en ik efkes mei dy rinne?

Sytske: O, ik soe oars krekt de auto pakke.

Pake: Hoe fier is it dan?

Sytske: Se hat in kantoar yn it winkelsintrum.

Pake: Woest dêr de auto foar pakke? Dat is ommers mar in kertierke rinnen?

Sytske: Is dat sa? No, dan soe it wol kinne, ik moat der oer tweintich minuten wêze. Ik gean altyd mei de auto. Ik soe net iens witte hoe’t ik der rinnendewei komme moast.

Pake: It is wol in moai kuierke, troch in soarte fan parkje. Dêr rin ik altyd mei Boes efkes del. En it is moai waar en dan kinst al fêst ris in bytsje ta rêst komme. Dan bist hooplik mei ien sessy klear.

Sytske: No, goed, wiis jo it paad dan mar.

It gerdyn giet ticht, de ein fan it earste tafriel.

(tongersdei fierder)

juny 9, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.