Pakes comeback (25)

juny 8, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Sytske: Nee, ik ha krekt belle mei myn terapeut om it even koart te sluten, ik sei dat ik yn noad siet. Aldergelokst kin ik daliks even by har delkomme.

Pake ploft del op syn stoel.

Pake: Dyn terapéút? Sûnt wannear hasto in terapeut? En wêrom wit ik dêr neat fan? Wat moatst dêr no wer mei?

Sytske: No, dat is tsjintwurdich heel normaal, hear. En ik ha neat sein omdat jo it toch net begripe soene. En dat docht no ek wol wer bliken.

Pake: Ja, mar wat docht sa’n man dan.

Sytske: Frou. No,… lústerje.

Pake: En kostet dat in protte jild? Ja, fansels. En it iennichste wat dat minske derfoar docht is harkje. No, dat kin ik ek wol.

Sytske: En se jout advizen.

Pake: Wêroer?

Sytske: No, oer hoe’t jo mei bepaalde saken omgean moatte.

Pake: No, dat kin ik ek wol. En by my kostet it dy gjin sint.

Sytske: Ach jo, oan jo hew ik neat. Jo dogge oars net as seure oer froeger en alles ôfkreakje wat ik ûndernim.

Pake: En wat docht sy dan?

Sytske: Sy brûkt har erfaring om my te advisearen hoe’t ik dingen better oanpakke kin en se hat opbouwende krityk.

Pake: No, dat is in moaie boel. As ik myn rike ûnderfining brûk om dy te advisearjen, dan is it eameljen oer eartiids en as ik opbouwend bedoelde krityk leverje wurdt it ôfkreakjen neamd. Faaks moat ik der mar jild foar freegje, dan wurdt it miskien mear wurdearre.

Sytske: Mar it belangrykste is wol dat se goed lústert. Want jo sizze wol dat jo dat kinne, mar jo dogge it net, want ik krij noait de kâns om my út te praten, jo raze jo eigen gedachten altyd dwers troch myn ferhaal hinne.

Pake: Ja, no hast wer sa’n nuvere beskriuwing fan myn wize fan advisearjen. Dy tinzen, dat binne myn advizen.

Sytske: Leau my no mar dat jo it net sa kinne as sy. Troch har hew ik dy problemen mei Piter en de skieding in plakje jaan kinnen.

Pake: Hoe bedoelst, in plakje jaan? Men kin jins swierrichheden dochs net samar earne opbergje?

Sytske: Sjoch, dat bedoel ik no. Jo witte ommers net iens wêr’t it oer giet.

Pake: Hm. Giet it einliks wol earne oer? Ik kin ek wol nijsgjirrich jargon betinke en dan dwaan as stelt it hiel wat foar. Mar neffens my is dat ynhâldsleaze jeuzelerij.

Sytske: Hat heit einliks oait wol écht mei mem praat?

Pake: No, wat tinksto dan?

Sytske: No, ik tink fan net. Ik tink dat jim it grutste deel fan de tiid wat byelkoar lâns libben. En dan is het net muoilik om in libben lang byelkoar te bliuwen.

Pake: Wat is my dat no foar ôfwaaid praat?

Sytske: Eartiids ferdrongen de minsken de problemen. Mar dat is net bêst foar de geastlike gesondheid.

Pake: Dus, eat in plak jaan is wat oars as it ferkringe? En is dat wol goed foar de sûnens?

Sytske: Ábsolút. En ik tink net dat jim jimsels oait ris mei de écht serieuze issues fan it bestean bezich holden hewwe. Is dit it no echt wol, dizze baan, dizze partner, de manier wêrop ik myn libben ynrjochtsje?

Pake: No, wat yssjoes krekt binne wit ik net, mar dy dingen dy’tst neamst hiene wy gjin tiid foar om oer te prakkesearjen, nee, it wie thús altyd skrabjen om ’e kant en dat wie foar ús wol serieus genôch. En it hie ek gjin doel om jin mei dy dingen dwaande te hâlden dy’tsto neamst. Men koe dochs net samar jins saak oan ’e kant dwaan, of jins wiif de doar wize? Dus dêr hoegde men jin ek net drok oer te meitsjen.

Sytske: Ja, jo hoegden noait te kiezen. Jo sukkelden gewoan op it paadsje troch dêr’t jo tafallich op telâne kaam wiene. Mar sa giet it tsjintwurdich net mear. No moat der keazen wurden, hieltyd mar wer. (se suchtet)

(moarn fierder)

juny 8, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.