Pakes comeback (24)

juny 5, 2020 08:00 Fernijd
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: De hiele moarn? En dyn wurk dan?

Sytske: Ik ha my siik melden.

Pake: Wat sille we no krije, dat kin dochs net samar? Do bist dochs net siik? Do kinst dyn wurk der dochs net oan weagje, grutte moksis dy’tst biste!

Sytske: Ik hie ommers toch net wurkje kinnen. En dit wie folle belangriker. Ik woe rêde wat der te rêden foel.

Pake: Sloech er al mei dy oare om?

Sytske: Ja.

Pake: No, wat woest dan noch mei dy skeanskermer. Dan kinst him ommers net fertrouwe. Ik soe sizze: gjin gerop en gjin geklei, op is op en wei is wei.

Sytske: Jo fiele net wat ik fiel. Ik wist wol dat it muoilik wie. Ik wie hjir al bang foar. Ik krige gewoan gjin commítment!

Pake: Gjin wat?

Sytske: Commítment.

Pake: Wat is dat?

Sytske: No, gewoan, ja, commítment, wat is dat, dat er der ís foar my.

Pake: Datst fan him op oan kinst, bedoelste?

Sytske: Nee, jo omskriuwe dat altyd wer sa negatyf. Ik bedoel, no ja, gewoan commítment. Dat er écht foar my kiest.

Pake: Oh, do woest graach dat jim jim ferloofden.

Sytske: Asjebleaft, net sa âlderwetsk. Nee, gewoan, commítment. Mar dêr is er net oan ta, seit er. Hy wol him net bine. Mar ik ha de lêste moannen fjochte as in tiger om him te hâlden.

Pake: No, dat heart ommers ek net sa. Froulju dy’t fjochtsje om manlju, dat is dochs de wrâld op ’e kop. Do hiest moai rêstich ôfwachtsje moatten. Sa’n kreas frommis kin oan elke finger ommers wol in keardel krije. No, en dan hiest de bêste derút kieze kinnen. Ien út in goed laach mei in bêst traktemint. Mei safolle kommitiminten ast mar wolste.

Sytske: Ach, dêr giet it toch net om. Jo snappe der neat fan. Bemoeie jo je no mar mei jo eigen saken.

Pake: Ik hie it wol tocht. Ik ha him nea fertroud. Dy smjunt siet ek altyd sa broeisk nei Nynke te glûpeagjen. Ik hie wol faak soarch dat er dyn pizelder wurden wie om achter har oanjachtsje te kinnen. Dat ik holde him al yn ’e kuer. Mar ik hope altyd mar dat it de erchtinkendheid fan in âldman wie, dy’t alles fan de tsjustere kant besjocht. Mar no docht wol bliken dat ik der net sa fier ôf siet. Do meist dus noch bliid wêze dat Nynke neat fan him witte woe, oars wie dit hielendal in eh, hoe neame jim dat ek al wer,… in soap wurden.

Sytske: Mar hy wie altyd sa leaf foar my.

Pake: Ja, wêrom, tinkst? As dy jongkeardels harren in bytsje útsloovje dan witte se wol dat jim harren fuortendaliks alles jouwe wat se ha wolle. En dat bart dus ek, begryp ik wol út dyn ferhaal. No, wêrom soene se harren dan noch bine? En dan sjochsto der raar fan op as hy net my dy trouwe wol?

Sytske jout in gjalp en stoot nei de telefoan. Pake giet ek stean, docht wat kastkes iepen en ticht en makket in boadskipperslistke. De hûn komt der tsjilpjend yn.

Pake: Ja, Boes jonge, it is hjoed in hiel trelit. Dy fuortplanting, dat is wat, jonge. Wy moatte mar bliid wêze dat wy dêr gjin gedoente mei hawwe. Ja, pake eartiids wol fansels, dat hy wit wol wat it is. Mar yn dy tiid gie it gâns oars as no. Doe wie it al hiel wat as men ris in tút krige. En moatst no ris sjen. Pake kin it allegear net neikomme. En do silst it ek wol net begripe, want do bist ommers alhiel fan metaal. Mar wês bliid, jonge. Dat skilt dy in hiele hoop enerzjy. En wy binn’ ek bliid, want dyn enerzjy komt hjir út it stopkontakt en dat kostet ús in slompe jild. Mar pas dochs mar op, fint, want dy stroom dy’t op ’t heden levere wurdt, heart by in gewisse libbensstyl. Ja, ja, dat hiest net tocht, hè. Dat wy moatte goed yn ’e gaten hâlde oft se der net wat nuvers trochhinne grieme. Men kin nea witte. Mar afijn. Do woest fansels wol efkes yn it waar sjen. No, dat liket my ek wol skoan ta.

Dan komt Sytske der wer yn en giet wer sitten. Se sjocht nei de grûn.

Pake: Giest mei te boadskipjen? Dan litte we tagelyk de hûn efkes út. Kinst dy ris fertrêdzje. Dêr silst wol wat fan opkalefaterje. It is moai waar en it tilt op fan de blommen en de bijkes, eh,…hm, ik bedoel, it is allegear moai grien en sa.

(takomme moandei fierder)

juny 5, 2020 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.