Pakes comeback (23)

juny 4, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Sytske: Beetholden? Hoe, beetholden?

Pake: No ja, gewoan, eh, ik haw ’m efkes by de strôt hân.

Sytske: By de strot?!?

Pake: Ja. Mar ik ha net taknypt, hear. No ja, heechstens in bytsje. Mar hy koe neat hawwe, want doe’t ik him losliet gong er langút lizzen.

Sytske: Och heden. Ha jim de dokter belle?

Pake: Wat no, dokter skilje. Bist net wiis? Hy is der al lang wer boppe-op, je. Sterker noch, hja binne nei har keamer ta tein, dat ik ha noed dat hy ek al wer boppe-op har sit.

Sytske: Oong, dus jo hewwe it krekt minder makke, mei jo nuvere optreden. No kin jo se net mear yn ’e gaten hâlde.

Pake giet fan de alteraasje stean en begjint op en del te trêdzjen.

Pake: Wat bisto no foar in mem! Do hast dy blykber nea ôffrege wat dyn soan altyd op ’e kompjûter docht. Wat moat er fan sa’n jonge telâne komme as er in foarbyld nimt oan dy kromme sprongen op dat ynternet? Dat strûpt der mei him sels aanst ek oan ’e hoasbannen ta troch. En dat gleone fanke fan dy batst der no al yn lâns. En wat dochsto? Neat, hielendal neat. Hearegod. Dat bern wurdt op dit stuit nei alle gedachten ûntfamme en do sitst hjir mar. Sleauwe tutteblei!

Sytske: Heit, stel jo net sa oan. It binne opgroeiende jongeren en it is ek noch maitiid, dus dan krij je soks. En wat soe dat? Ik bin bliid dat it net sa’n benepen gedoch mear is as froeger. De jongeren binne no frij om sels te bepalen wat se wolle en se krije tsjintwurdich oeral ynformaasje oer dat se binne ek goed by steat om te kiezen.

Pake: O ja? Dus do woest dy bern harren der mar mei rêde litte? Mar as Nynke aanst wat efter it jak hat is it te let.

Sytske: Wat bedoele jo?

Pake: Ferstiestó no ek al gjin Frysk mear? Hy makket har mei bern, wik ik dy! Foardatst it witst hat se in poppe! Se is aanst jongwiif. Ferstiest my no? Hy skopt har mei jong.

Sytske: Ho mar, ho mar, ho mar. Dat gebeurt heus net. Ik sis toch dat dy jongelju wol witte wat se dogge? En om jo noch mar ris in yllúzje earmer te meitsjen: Nynke is al lang gjin faam mear yn de sin dy’t jo bedoele. Mar se wit wier wol wat se dwaan moat om net swier te wurden en dêr soarget se wol foar. Se wit presys wat se wol en net wol. Lit dat mar oan har oer. Se is o sa ferstannich… Hiel wat ferstanniger as har mem.

Sytske barst ynienen yn gûlen út en pake bliuwt ferheard stean.

Pake: Wat sille we no krije? Hast sels net in bern oerwûn, mei ik hoopje?

Sytske: Karel wol net mei my fierder.

Pake: Karel? Wa is Karel?

Sytske: Moatst dat no oan de lêste dei ta freegje? Do wist bêst wa’t Karel is. Do hast ’m hjir op de earste dei al moete.

Pake: O, dy hampelman. Dy is likernôch sa âld as dy snotbongel dy’t no mei Nynke omgriemt. Sa’n beuker is ommers ek neat foar dy. Hat er dy sitte litten foar in oar?

Sytske: Ja. Ik fyn it sa gemien.

Pake: Wat moat sa’n opslûpen puber ek mei sa’n âld wiif as do? Hoe âld bist? 44? Do hiest ommers fan tinken wol ha kinnen dat hy dy no mei âlde maaie ynruilje soe foar twa fan 22.

Sytske begjint no noch folle hurder te skriemen. Pake hjit de tee yn en skoot Sytske in kopke ta.

Pake: No, hjir hast in bakje tee. Drink dat no earst mar ris op, dan kinst wat bekomme.

Pake giet wer sitten en draait wat ûngemaklik op syn stoel.

Pake: Eh, wolst deroer prate?

Sytske: No, wy hiene fannacht by him sliepen.

Pake: Soa, ja, ik fûn it al sa stil yn de hûs.

Sytske: Justerjûn hiene we it noch o sa gesellich tegearre.

Pake: De bysûnderheden hoech ik net te hearren. Dat kin ’k net der net mear by ha.

Sytske: No, en fanmoarn sei der it ynienen. We leine noch op bêd.

Pake: Suchtsjend. Wat sei er?

Sytske: Ja, dat er der al in skoft mei omrûn, dat er kieze moast tusken my en dy oare. En dat ik it dus net wurde. Ik ha de hele moarn noch op him ompraten.

(moarn fierder)

juny 4, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.