Pakes comeback (22)

juny 2, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Ho ris efkes. Eh, moasto net leare? De eksamens komme der dochs oan? Do dochst as hiest fakânsje, mar dizze tiid is dochs bedoeld om te learen?

Nynke: Ja, lekker belangryk. Bemoeie jo je no mar mei jo eigen saken.

Nynke giet mei Jeffry nei har keamer. Pake pakt in stoel oan de keukenstafel en giet stil foar him út sitten te sjen. Sa treft Sytske him oan. Pas at se mei har hannen foar syn gesicht swaait, skrikt er op. Under it neifolgjende petear set Sytske tee as it wetter kôket.

Sytske: Wat is der, heit? Wat sitte jo hjir foar jo út te stoareagjen?

Pake: (suchtsjend) O, bist al wer thús? Ê je, dy smóárge bern fan dy. (It wurd “smoarch” moat sa útsprutsen wurde dat dúdlik is dat hy it hjir dûbelsinnich bedoeld)

Sytske: Wat dan?

Pake: No, earst kaam ik der hjoed efter nei watfoar goare tafrielen dyn soan sit te sjen op it ynternet. Dat hat roai noch liken.

Sytske: Hoe kamen jo dêrachter, dan?

Pake: No, hy hat my sels in soarte fan kursus jûn. Men kin yn sa’n finsterke sjen wat der allegearre earder opsocht is. En sadwaande kaam ik derefter.

Sytske: O, dus jo hewwe spioneard?

Pake: No, och, spionearje is wol wat in swier wurd. Ik frege mei gewoan ôf wêrom’t hy safolle op dat ynternet sit. Wat hat er dêr dochs altyd te sykjen, tocht ik. No, en dêr bin ’k no efter. (Hy suchtet wer)

Sytske: Mar watfoar fize plaatsjes binne dat dan?

Pake: No, eh,… ja, eh,… do witst wol, bleate manlju en froulju dy’t alderhanne akrobatyske toeren mei-inoar úthelje. Fan de measte wist ik net iens dat it mooglik wie. Men soe benaud wêze om wat te brekken. Mar goed, yn alle gefallen heart soks, nei myn betinken, yn de sliepkeamer thús en net hjirre op de kokenstafel.

Sytske: Ach, heit, it klinkt my allegearre frij ûnskuldich yn ’e earen. De jeugd fan dy leeftiid is nijsgjirrich nei dat soart dingen.

Pake: No, dat wie yn ús tiid hiel oars.

Sytske: Of is it ferskil dat jim de kâns net krigen?

Pake: Mar goed, dat is noch hielendal neat, want fuort dêr efteroan trappearre ik dyn dochter mei sa’n rudige snotbongel op de bank. Dy hetsige bolle lei boppen op har, doe’t ik him oer it mad kaam! En hy hie de klean der al heal by út! En syn kloeren sieten djip by har yn ’t jak!

Sytske: Wa wie it?

Pake: Wit ik it. It wie in nuvere namme, yn in frjemde taal. Mar docht dat der wat ta?

Sytske: No, dat soe ik wol tinke. It sil Jeffry wol wêze. Dêr hear ik har al in skoftke oer.

Pake: O. Do hearst har dêr al in skoftke oer! En dat fynst genôch reden om ta te stean dat dy priemske baarch mei dat skoandere famke omgriemt.

Sytske: No, no, bedimje jo wat yn jo taalgebrûk. De wurden meie oars wêze, mar jo binne einliks krekt like rûch yn ’e mûle as de bern. En jo stelle it wol wat swart-wyt. Ik ken har goed genôch om te witten dat se allinnich mar dingen docht dy’t se sels wol. Mar wat gebeurde der dan toen jo hun dêr sa oantroffen? Dêr bin ’k dan wol benijd nij. Skrokken se fan jo?

Pake: Wie it mar wier, hja sloegen my gjin acht, hja gongen gewoan troch. Dat barde der.

Sytske: En toen?

Pake: No ja, doe eh, ja je, och…

Sytske: No?

Pake: No ja, doe ha ’k fansels dy pystige kearel derôf roppe.

Sytske: Watte?

Pake: Ja, wat moast ik oars? Ik tocht, dit komt op de kop ferkeard. Ik koe dy geiler dochs net myn kreaze pakesizzer besmodskje litte?

Sytske: En toen? Waarden se lilk?

Pake: Nynke wol. Hy net. De siel hat gjin wurd mear útbrocht.

Sytske: Wied er sa skrokken?

Pake: Ja, eh….

Sytske: Of wie der noch mear? Jo hewwe him toch neat dien, hoopje ik?

Pake: Neuh, allinnich even beetholden.

(tongersdei fierder)

juny 2, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.