Pakes comeback (21)

juny 1, 2020 08:00 Fernijd
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Nynke: Hy is helemaal oerstjoer en hy hoest de hele tiid.

Pake: Och, no, fan in bytsje hoastjen giet it stumper wier net dea.

Nynke: Jo hè der deagewoan de gek mei, hè? Jo dogge krekt al stelt it niks foor wat jo him hewwe andien.

Pake: Wat ik him oandie ha? Och, famke, ik ha him ommers amper oanrekke. Wat sille wy no belibje? Dêr op ’e bank mei dy like it sa’n sûne kearel, mar as it derop oankomt is it in Jan Meisje. Och, heden, wat ha wy eartiids wol fjochtpartijen hân om froulju. Dan mienden dy lju út de buorren dat se ús fammen wol efkes kape koene. Dêr koe fansels neat fan ynkomme, fûnen wy. No, en dat gie der raar omwei. Dat wiene hiele fjildslaggen. En dan koest mar soargje datst nei ôfrin op syn minst in bloednoas hiest, oars makken dyn eigen maten dy noch foar leffert út. Dat is nochris wat oars as dizze Jan Doedel, hjirre; as men nei him wiist, siicht er al del.

Nynke: Fynt pake dat moai dat it froeger sa gong? Wêr slacht dat no op? Dy famkes, dy koenen sels wol in frynd kieze, hear, dêr hienen se jim hulp helemaal net foor noadich. It is mar goed dat it no net mear sa giet. En ik bin just heel blij dat Jeffry net sa’n fechter is. Hy is heel gefoelich. En no bring ik him earst dit wetter.

Se rint nei de keamer en jout it glês oan Jeffry, wylst pake teewetter op set…

Pake: (ropt) Wolle jim gjin tee ha?

Nynke: (weromrinnend) Nee, wy gean nei myn keamer foor ús privacy. En dêr hoeve jo ús dus gjin tee te bringen.

Pake: O…, no dan treft it moai dat ik dyn keamer just himmele en oprêden ha. Ik tocht dat moat mar ris wêze. Oan it túch te sjen, wiesto dêr yn trije wiken al net oan ta kaam.

Nynke: Watte? Mar dat mutte jo net dwaan. De lêste kear koe ik niks mear weromfine.

Pake: Och fanke, it wie der sa’n brol, ik kin my net yntinke datst foar myn himmelaksje noch wat fine koest. Ik ha no alles op in logysk plak delset. Dyn elektryske toskeboarstel fûn ik bygelyks yn dyn bêd en dy stiet no wer kreas teplak op ’e wasktafel.

Nynke: Hin? Ik hè helemaal gjin elektryse tandeborstel.

Pake: Net? It wie oars krekt sa’n stikje ark. En doe’t ik it oppakte hat it in hiel skof trille foardat ik it knopke fûn.

Nynke: Oooh… (se moat laitsje)… Okee dan, dat ding… Dy hè ik no net mear noadich. Eh,…, ik sol jo letter wol ris better an Jeffry foorstelle, at er wer wat bekommen is fan de skrik. No gean we nei boven. (se begjint fuort te rinnen)

Pake: Ja, ja, dat seidest, jim soene nei boppen ta… Mar wacht ris, flarde, dan haw ik der ommers hielendal gjin each mear op! En it mei dan in Jan Meisje wêze, at hy dy sa sjocht, mei dy bleate billen (hy wiist op har koarte rokje) dan is der fuortendaliks wer hjit yn ’e broek.

Nynke: (bliuwt stean en sjoch achterom) Hoesa, bleate billen? Der sit toch net in gat yn myn rok? (se fielt)

Pake: Nee, mar dat rokje is te koart, ik kin dyn billen sjen.

Nynke: Bestiet net. Ik hè ik noch in slipke an hear.

Pake: Nee, dy billen bedoel ik net.

Nynke: Binne der noch oaren dan?

Pake: Ja, wat der ûnder dyn rokje útkomt.

Nynke: (fernuvere nei ûnderen sjend) Dat bin toch gjin billen.

Pake: Hoe neamst dy dan?

Nynke: No, eh, eh, dijbenen of sa. Whatever. Mar jo hâlde my an de praat. No gean ik.(se rint wer fierder)

Pake: (wanhopich) Ja, mar dat is dochs skande!

Nynke: Hoesa skande! Ik ken my séls wol rêde, hear! Ik bin net mear in lyts bern! Ik wit heus wol wat ik doch en dêr is níks skandalichs an.

Pake: Nee, mar dat bedoel ik ek hielendal net. Ik bedoel dat ik it sa skande fyn fan dy, fan dyn jonkheid. Dat is dochs in griis om dat samar te fergriemen. En, eh, no ja, do moatst ek net te skande komme, fansels.

Nynke: (mei in djippe sucht) Wat bedoele jo dêr no wer mei?

Pake: No, ja, datst dysels net te skande makkest.

Nynke: Ik hè gjin idéé wat jo dêrmei bedoele, dus dat sol wol út de tiid wêze. Mar no gean ik écht.

(moarn fierder)

juny 1, 2020 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.