Op reis nei Athene

juny 28, 2020 07:00 Fernijd

Meditaasje

It is hast fakânsjetiid. Dit jier geane in soad minsken, foaral fanwegen it risiko fan besmetting mei it koroanafirus, net nei it bûtenlân. De measten bliuwe ticht by hûs, en dat kin ek hiel goed wêze. Wat is der no moaier as it meitsjen fan in fytstocht troch it moaie Fryske lân?

Lykwols binne de grinzen yn Europa wer iepengien. Wa’t dat wol, kin wer op fakânsje gean nei Frankryk, Dútslân of miskien wol nei Grikelân. Lang lyn makke de apostel Paulus ek in reis nei dat lân, dat yn syn tiid noch Masedoanië hjitte. Yn ’e midden fan de earste iuw reizge er ôf nei de stêd Athene. Dat die Paulus nei’t er yn in dream in fisjoen krige hie, fan in man dy’t him frege om dêr de oerstek hinne te meitsjen (Hannelingen 16:9). Paulus waard dus roppen om dy reis te meitsjen om oan de minsken dêr it blide nijs fan it evangeelje bekend te meitsjen.

In skip brocht him nei de oare kant en op in dei kaam er yn Athene oan. Dat wie yn dy tiid ek al in belangrike stêd, in sintrum fan heechsteande kultuer. Arsjitekten, filosofen en keunstners fan namme kamen nei Athene om dêr sjen en hearre te litten wat se koene en wisten. Sy makken prachtige bouwurken,. moaie timpels en bylden foar de goaden dy’t de minsken yn dy tiid ferearen. Of se makken moaie gedichten om dy foar te lêzen of se beoefenen har yn de filosofy.

Paulus kaam net om syn keunsten te fertoanen of om yndruk te meitsjen as filosoof, mar om it blide nijs te bringen fan de komst fan Jezus, de krusige en opstiene Hear, dy’t yn syn eagen de rêder fan de minsken wie. Lykas op al syn sindingsreizen gie Paulus earst nei de synagoge. Dêr fûn er as berne Joad, ynwijd yn de Skriften, oansluting, al stjitte syn boadskip oer Jezus, dy’t hy de Messias, de Kristus, neamde, by guon fan de lieders ek op ferset. De stedsried hearde der fan en frege him om nei it merkplein op de berch Areópagus te gean om dêr ferantwurding ôf te lizzen fan syn leauwen en tinken. Se sieten net te wachtsjen op ûnrêststokers. Mar se woene him wol de kâns jaan om syn ferhaal te dwaan en nûgen ek in pear filosofen út om mei him yn petear te gean en harren oardiel te jaan.

Areópagus by Athene (foto Wikimedia Commons)

Hoe moast Paulus dat oanpakke? Hy wist dat se him feroardielje koene en finzen sette. Mar hy wist ek dat er net oars koe as ek oan dizze minsken it blide nijs fan de opstiene Hear troch te jaan. It wie syn missy om dat oan elkenien te fertellen. Hy fielde him ek frij troch Gods Geast om dat te dwaan, al wie it net in maklike opjefte. Paulus hie yn de stêd in grut ferskaat oan goadebylden sjoen en dêr argewaasje fan hân: wat koene dy bylden fan stien en hout no foar de minsken dwaan? Yn syn eagen wie it in fertoaning fan ôfgoaderij. Mar ien fan de bylden dy’t er sjoen hie, sette him oan it tinken. Dat wie wijd oan in ûnbekende God.

Dêr koe er by oanslute as er fertelde oer syn eigen leauwe. Paulus keas foar de ferbining en net foar de konfrontaasje. Hy woe foar de Joaden in Joad wêze en foar de Griken in Gryk. Hy sei: “As ik it goed sjoch, binne jim oer alle boegen tige godstsjinstich. Ik stie foar it alter dêr’t op stiet: ‘Oan in ûnbekende God.’ No dan, wat jimme ferearje sûnder dat jimme it kenne, dat ferkundigje ik jimme. Want dizze God jout oan ús allegearre it libben, it sykheljen, ja alles. Yn Him libje wy, bewege wy ús en besteane wy, sa’t ek guon fan jimme dichters sein hawwe.” Paulus fûn oansluting by de lju op de Areópagus en fertelde harren oer Jezus, de libbene Hear, dy’t troch God stjoerd is om “oer de hiele wrâld in rjochtfeardich oardiel te sprekken.” Hoe‘t dizze skiednis ôfrûn lêze we yn Hannelingen 17:16-34. Paulus gie frijút. Sommige omstanners woene him noch wolris hearre. Der wiene in pear dy’t de spot mei him dreauwen, mar ek guon dy’t troch him ta it leauwe kamen.

Yn dizze ûnwisse koroanatiid kinne we leare hoe kwetsber oft we binne en dat we net alles wat we wolle nei ús hân sette kinne. Miskien komt der wer romte foar it sykjen nei de hân fan God en nei de betsjutting fan it nijs fan it evangeelje foar minsken fan hjoed. Fan Paulus kinne we leare hoe’t we dat dwaan kinne. It respekt foar minsken stie by him foarop. Hy socht de ferbining en net de konfrontaasje. Mei-inoar kinne we sykje nei wat God ús hjoed-de-dei te sizzen hat en miskien de ûntdekking dwaan hoe’t Hy krekt yn ús gemis syn bysûndere wurk oan ús dwaan wol.

ds. Gerrit Groeneveld, Boalsert

juny 28, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.