‘Op Paad lâns it Waad’

juny 4, 2020 08:47 Fernijd

Mei de tiid kin men op ’e fyts fan de hiele Fryske Waadkust genietsje; dat is it doel fan it projektplan ‘Op Paad lâns it Waad’. Dêr stimden de kolleezjes fan boargemasters en wethâlders fan gemeenten Harns, Waadhoeke en Noardeast-Fryslân en it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân ferline wike mei yn. Mei de útfiering fan it projektplan wurdt by de seedyk fan de Waadkust fan Fryslân lâns in trochgeande fytsrûte mei sicht op it Waad realisearre. Dêrtroch krije ekonomy en toerisme yn ’e kustregio in oppepper.

Boarne: Gemeente Waadhoeke

Waadfûns en Provinsje Fryslân
Op 26 juny wurdt it projektplan mei de gearwurkingsoerienkomst tusken de ferskate partijen yntsjinne by it Waadfûns. It Waadfûns wurdt frege om mei te finansierjen, krekt as de Provinsje Fryslân. Ein novimber jout it Waadfûns útslútsel.

Waadbreed programma
It projekt ‘Op Paad lâns it Waad’ is ûnderdiel fan in Waadbreed programma. Mei de trije Waadregio’s Grinslân, Fryslân en Noard-Hollân moat it Waad better tagonklik en beleefber wurde. Yn 2021 rûnet Grinslân ‘Kiek over Diek’ ôf, in fytsrûte by de Grinslanner seedyk lâns. Fan 2023 kin oer de Ofslútdyk sawol binnen- as bûtendyks fytst wurde. Noard-Hollân ferkent de mooglikheden fan in fytsrûte fan Den Oever oant Oudeschild op Teksel. It Fryske projekt ‘Op Paad lâns it Waad’ makket de ferbining folslein.

juny 4, 2020 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.