Oerol: earste artysten Imazjinêre Eilân bekend

juny 11, 2020 08:43 Fernijd

It Oerolfestival op Skylge kin dit jier fanwegen de koroanamaatregels net op reguliere wize trochgean. De organisaasje komt dêrom mei in alternatyf: it Imazjinêre Eilân.

Ofbylding: Oerol

Op moandei 15 juny 10.00 oere wurdt it Imazjinêre Eilân iepene. Fan 15 oant en mei 19 juny wachtet der in fol online programma dat 24/7 trochgiet. Fan freed 12 juny ôf wurde nijsgjirrige festivalgongers opwaarme.

De earste artysten bekend
Spesjaal foar it Imazjinêre Eilân kreëarret byldzjend goreograaf Nicole Beutler de poëtyske dûnsfilm Still life on the island. Silbersee, Gouden Haas en NKK NXT bringe de digitale ûnderfining fan de oeropera Kaapdiegoeiekoop. Marc van Vliet komt mei De ongelooflijke maar waargebeurde avonturen van Kasper op het anders zo zinderende eiland. Wa’t wolris mei in sterk ferhaal thúskomme wol, docht goed en folgje de masterles ferhalen fertelle by Raphael Rodan fan MEZRAB.

It is mooglik om in fanbantsje fan Oerol oan te skaffen. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Nim in abonnemint op it YouTube-kanaal fan Oerol
Dionne en Jennifer nimme de sjoggers mei op in digitaal aventoer. Om dat sjen te kinnen is it wichtich om Oerol te folgjen. Klik hjir en dan op ‘Subscribe’ of ‘Abonneer’ om neat te missen.

juny 11, 2020 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.