Oanbesteging buskonsesje foarearst útsteld

juny 4, 2020 09:09 Fernijd

Der is mear tiid nedich foar de oanbesteging fan de nije buskonsesje (2022-2032). Dat hat it kolleezje fan Deputearre Steaten woansdei besletten. Ferfierders wurde troch de koroanakrisis hurd rekke. De ferwachting is dat dy bedriuwen op it stuit ôfhâldend binne mei it ynskriuwen op de oanbesteging. De oanbesteging fan de buskonsesje is dêrom foarearst útsteld.

Foto: Provinsje Fryslân

Om te sjen hoe’t de provinsje omgean kin mei de effekten fan de hjoeddeistige koroanakrisis op it iepenbier ferfier, is tagelyk besletten om mei in merkkonsultaasje útein te setten. By dy merkkonsultaasje wurdt mei ferfierders it petear oangien. Sa kriget de provinsje ynsjoch yn hoe’t ferfierders tsjin in oanpaste oanbestegingsproseduere oansjogge. Se kinne ek dúdlik meitsje hoe’t de provinsje omgean kin mei de oanbesteging yn it ljocht fan de hjoeddeistige situaasje.

Yn in oanpaste proseduere kin spesifyk rekken holden wurde mei de hjoeddeistige omstannichheden, mar ek mei de mooglikheid dat de effekten fan de koroanakrisis noch langer yn it iepenbier ferfier te fernimmen binne. De konsultaasje sil nei alle gedachten twa moanne duorje. Yn dy tiid moat dúdlik wurde oft in oanpaste oanbestegingsproseduere in reëel alternatyf is.

Ferfolch
Fan 4 febrewaris oant en mei 17 maart fan ‘t jier koe elk dy’t belangstelling hie, reagearje op it ûntwerp programma fan easken foar de buskonsesje. Persoanen en ynstânsjes dy’t dêrop reagearre hawwe, wurde ynformearre oer it foarearst útstellen fan de oanbesteging en fan de publikaasje fan de reaksjenota. Yn dy nota giet de provinsje yn op de yntsjinne reaksjes. By in alternative oanbestegingsproseduere kin it wêze dat it programma fan easken bysteld wurde moat. Sadree’t dêr mear dúdlikens oer is, sille yntsjinners fan reaksjes dêroer ynformearre wurde.

juny 4, 2020 09:09 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.