Nochris romans en gedichten

juny 9, 2020 07:00

Kollum

De kollums binne op Omrop Spannenburch te beharkjen en kinne lêzen wurde op ItNijs.frl. Kollums skriuwe ferget in protte tiid, mar it is tagelyk in hiele aardichheid. Fan en ta krij ik reaksjes. Doe’t ik okkerwyks oer gedichten en romans skreau, smiet dat in tal nijsgjirrige reaksjes op.

De kollum oer Fryske romans yn april foarme sa’n oanlieding. Ik skreau doe oer in top 10 foar Fryske boeken en neamde Helia en har wrâld mei Chopin fan Rients Faber as twadde nij útkommen Frysk boek. Tagelyk relativearre ik dy kar om’t ik der net wis fan wie oft it boek fan Faber wol in oarspronklik en net in yn it Frysk oerset boek wie. De skriuwer reagearre:It boek Helia en har wrâld mei Chopin is oarspronklik fanút de Fryske belibbingswrâld tocht en skreaun. De oersetting yn it Nederlânsk is dêrnei pas makke en mist wat fan it typysk Fryske dat it oarspronklike boek wol hat’. Dat wie in dúdlik antwurd op myn ûnderstelling. De skriuwer stelde fierder út om my in besprekeksimplaar ta te stjoeren. Dat like my wol wat ta. Dat sa.

Rillegau hie ’k de roman foar my lizzen. It omkaft sjocht der kreas en beskieden út. De roman fan 133 siden bestiet út fjouwer dielen: 1952,1962, 1050, 1967. Dy yndieling en dan benammen dat diel fan 1050 hat alles te krijen mei de histoaryske aspekten en eins ek wol mei de muzikale aspekten dy’t in rol spylje. Dy aspekten meitsje fan dat diel needsaken. Dêr wurde de ferbiningen lein fan de Bonninga’s, de famylje fan Helia, mei it Deenske en Frânske ferline. Yn de Noarmannetiid reitsje de Bonninga’s besibbe oan de Noarmannen. Thiadrik Bonninga oermasteret Ragnhild, in Deensk jongfrommes. Dat dy twa in pear wurde, kinne we fan tinken hast wol ha.

Tagelyk bringt in bewyske fan begjinnende leafde wat spanning yn de petearen en yn de muzyk.

Om’t Ragnhild swierrichheden hâldt mei it oare leauwe set Eirik, in beppesizzer fan har nei it kleaster fan Cluny yn Frankryk ta om dat dêr oan ’e oarder te hawwen. De famylje fan de abt fan dat kleaster is muzikaal. Evelle fan Semur, in suster fan de abt, is harpiste. Dy suster moat eins útwike om oan houliksswierrichheden te ûntkommen. De abt freget Eirik oft se net mei him werom kin. Dat bart. Letter wurde Eirik en Evelle in pear. Evelle en oars har neiteam sil altyd nei Frankryk ta werom kinne om’t dêr in stienhûs boud wurdt dat foar de famylje ornearre bliuwt. It makket de Bonninga’s ta in bysûndere famylje en de Bonningapleats ta in bysûnder plak, Dêr komt noch by dat Helia, de dochter fan de Bonninga’s, in tal jierren yn Lyon muzyk studearre. Sy rekke dêr fereale en wie in skoft troud mei de Frânsman Sébastien. Sy krigen in dochter: Yvelle.

Dy histoaryske en muzikale linen rinne troch it hiele boek hinne. Wat de muzyk oanbelanget komt Chopin hieltyd mear sintraal te stean. It is dêrom suver in roman foar muzykleafhawwers. My giet it mear om de jongelju, dy’t inoar in tal kearen om it tema muzyk hinne ûnder lieding fan Helia Bonninga moetsje. Dat begjint yn 1952 mei Sierd, Maaike, Yvel en Helia, de mem fan Yvel. De muzyk stiet sintraal. It hat wat fan in soarte fan opmjitte. Yn 1962 wurde acht jongelju foar in muzykwykein op Bonninga’s pleats útnûge. Sierd, Maaike en Yvel binne der fansels by. De muzyk stiet opnij sintraal. Helia hat de lieding. Der wurde besteklike petearen holden. Tagelyk bringt in bewyske fan begjinnende leafde wat spanning yn de petearen en yn de muzyk.

Yn 1967 ha guon fan dizze jongelju foar de tredde kear mei-inoar te krijen. Helia nûget dan in pear fan dat eardere muzykgroepke út om mei nei Frankryk te gean. Wylst yn de earste dielen Sierd en Maaike de haadrol hiene, binne dat no Sierd en Yvel. Men soe sizze kinne dat oan de ein de histoaryske en de muzikale line wer byinoar komme. Dat jildt ek foar Sierd en Yvel, hoewol’t dat tagelyk samar in inkeld momint wêze kin.

Ik ha it boek mei nocht en wille lêzen. Ik kin it oarekommandearje, benammen oan lêzers mei in foarleafde foar skiednis en muzyk. Iksels hie wat mear niget oan de jongelju en hoe’t dy har yn it boek hâlde en drage. Wat mear aksje en wat mear direkte petearen hie ’k likegoed net slim fûn. Ik fyn it in knap stikje wurk. It is tagelyk yn kreas Frysk skreaun. Der binne wolris wat dinkjes dy’t ik oars dwaan soe, mar dêr wol ik no net oer seure. Helia en har wrâld mei Chopin is dus in nije Fryske roman, dy’t it wurdich is om lêzen te wurden.

Yn dyselde snuorje hie ’k it ek oer gedichten om’t guon Fryske dichters mei eigen foarmen kamen, de tresoarkes en de oardel skonkjes, dy’t ferlike waarden mei sonnetten en haikûs. Faaks witte jimme dat noch wol. Dat late ta de fraach oft ik wolris haikûs oersette wolle soe fan it Nederlânsk nei it Frysk ta. Ik kin min ‘nee’ sizze, dus it antwurd liet him riede. Ik beslút dêrom dizze kollum mei de earste fan my oersette haikû:

Jimme witte wol, in koart gedichtsje dêr’t de ûnderfining fan it momint yn gearfette wurde moat yn trije rigels fan 5, 7, en 5 wurdlidden.

foarby de reidseam:
glinstering yn ‘t moarntydsljocht,
ronf’ling fan it pet 

 

https://www.fanvanfryslan.nl/

Aant Mulder fan Balk koe diskear dit praatsje om programmatechnyske redenen net op Radio Spannenburch hâlde.

Boekgegevens
Rients Faber, Helia en har wrâld mei Chopin
ISBN: 9789402125962
útjûn yn eigen behear fia Brave New Books
priis € 16,99

juny 9, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.