Noardlik Filmfestival lid fan nij Europeesk netwurk

juny 15, 2020 09:28

It Noardlik Filmfestival is ûnderdiel wurden fan it nije ynternasjonale festivalnetwurk Europa Film Festivals (EFF). Yn dat netwurk bondelje Europeeske filmfestivals mei inselde fyzje harren krêften om de ûntwikkeling fan filmfestivals yn Europa te stimulearjen en gearwurkingen oan te moedigjen. It nije netwurk is fuortkaam út in projekt fan Galway Kulturele Haadstêd fan Europa 2020.

Artistyk lieder en filmprogrammeur fan Noardlik Filmfestival Fredau Buwalda is optein oer it nije netwurk en de plannen: “Yn 2017 kamen we foar it earst byinoar by de Galway Film Fleadh en by sa’n festivalmoeting fernimst al gau hoe weardefol oft it is om mei kollega’s fan ferlykbere Europeeske filmfestivals ûnderfiningen út te wikseljen. Dit is in moaie kâns foar it Noardlik Filmfestival om ynternasjonale projekten op te setten, kennis te dielen en ús festival ek fierder ynternasjonaal op ’e kaart te setten.”

Yn gearwurking mei Galway 2020 en de Galway Film Fleadh lansearje de oansletten festivals noch dit jier yn ko-kreaasje it unike filmprogramma Peripheral Vision’s. Dat is (fanwege Covid-19) in online filmkompetysje dêr’t trettjin films yn te sjen binne by de Galway Film Fleadh (7-12 july). De winnende film wint 3000 euro. De films binne selektearre troch de EFF-leden op de tema’s taal, lânskip en migraasje. It Noardlik Filmfestival sil krekt as de oare EFF-leden in ynlieding jaan op de eigen ynstjoering. It publyk hat de mooglikheid om nei de fertoaning diel te nimmen oan fraach- en antwurdsesjes fia ynternet.

It doel fan EFF is om in sterke stim yn Europa te fertsjintwurdigjen en de brede ûnderfining, kennis en kreativiteit fan al syn leden maksimaal te benutten yn in duorsum en him hieltyd ûntwikkeljend netwurk. Foar it Noardlik Filmfestival is it in unike kâns om mei oare Europeeske filmfestivals ynformaasje en kennis út te wikseljen. Mei-inoar sille de leden mienskiplike stânpunten formulearje, ûntwikkelje en oerienkomme oer wichtige kwestjes yn de filmwrâld. Dêrnjonken jout it mei-inoar dielen fan ideeën, ûnderfiningen, kontakten en films, in unike kâns om filmfestivals te fersterkjen.

Europa Film Festivals bestiet no út: 
Miriam Allen (Chair) – Galway Film Fleadh, Ierlân
Alexis Juncosa – Luxembourg City Film Festival, Lúksemburch
Michele Devlin – Belfast Film Festival, Noard-Ierlân
Hrönn Marinósdóttir – Reykjavik International Film Festival, Yslân
Alejandro Díaz Castaño – Gijon International Film Festival, Spanje
Fredau Buwalda – Noardlik Filmfestival, Nederlân
Kathrin Kohlstedde – Filmfest Hamburg, Dútslân
Nektarios Sakkas – Athens International Film Festival, Grikelân
Emmanuel Cuénod – Geneva International Film Festival, Switserlân
Guilhem Caillard –  Festival de Films CINEMANIA, Montreal, Kanada
Milja Mikkola – Midnight Sun Film Festival, Finlân
Johanna Caraire – Festival International du Film Indépendant de Bordeaux, Frankryk

juny 15, 2020 09:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.