NL-Alert kontrôleberjocht 8 juny ek op NS-buorden te sjen

juny 5, 2020 08:57

Moandei 8 juny om 12.00 oere hinne stjoert de oerheid in NL-Alert kontrôleberjocht út yn hiel Nederlân. Sa’n berjocht ûntfangt men op de mobile telefoan. It berjocht is ek hieltyd mear te sjen op digitale reklameskermen en digitale ôfreisbuorden fan bus, tram en metro en fan no ôf ek op dy fan de NS.

Mei it lanlik NL-Alert kontrôleberjocht kin men ûnderfine hoe’t in NL-Alert ûntfongen wurdt. It is de bedoeling dat men by it sjen derfan dat fuortdaliks lêst, yn aksje komt en oaren dêrby helpt. Tiisdei 2 juny is in lanlike publykskampanje foar it NL-Alert kontrôleberjocht úteinset.

Berik kontrôleberjocht
It foarige kontrôleberjocht, dat op 2 desimber 2019 ferstjoerd is, waard troch goed 12,9 miljoen minsken fan tolve jier en âlder op de mobile telefoan ûntfongen (85%). Likernôch 300.000 minsken fan tolve jier en âlder seagen dat berjocht op digitale ôfreisbuorden fan it iepenbier ferfier en 150.000 op digitale reklameskermen.

juny 5, 2020 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.