Nijs fan húskeamerteäter De Wier yn Koarnjum
Resint ferskynd
Al in moai skoft binne der gjin konserten, lytse teäterfoarstellingen en lêzingen yn húskeamerteäter De Wier yn Koarnjum. Mar dêr komt feroaring yn… Nei de simmer, yn septimber, wurdt it yntime poadium ferpleatst fan de Wier 5 nei de sfearfolle en moai klinkende Nicolaastsjerke op de Wier 7.
Yn oerlis mei de Pleatslike Kommisje (S.A.F.T.) is krekt oerienkommen om dêrhinne te ferhúzjen. Op dy lokaasje kinne de minsken goed oardel meter ôfstân faninoar ôf sitte, wat yn it húskeamerteäter sels eins net kin. Yn it ferline organisearren it teäter en de Pleatslike Kommisje dêr mei-inoar al geregeld konserten. Foarbylden wiene KrystReizgers – dy’t weromkomme op snein 20 desimber oansteande –, it Risata Kwartet, duo Robert Jan Stips & Marieke Brokamp, it Leeuwarder Kamerkoor, Sânman & Sikke en Inez Timmer.
De eveneminten yn maaie en juny geane net troch, mar fan septimber ôf steane op it programma: Ierske en Skotske folk mei Paddy’s Day Off, ferskemakker Jan de Vries fan it Bilt, Mens Erger Je Niet: in toanielfoarstelling mei Thijs Meesters & Tseard Nauta, popband De Fries, lútspiler David van der Zee, singer songwriter Bernard Brogue en it duo Ella and her man. Bysûnder wurdt ek de foarstelling Holocaust Hollywood, mei Inez Timmer & Tseard Nauta yn gearwurking mei NUT.
Dat alles ûnder foarbehâld en de data wurde letter bekend makke.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje