Nije rige 2 Meter Sesjes yn Studio 2020
Resint ferskynd
Fan moandei 27 july ôf stjoert de NTR ûnder de titel Studio 2020 op NPO 2 ekstra nije ôfleveringen út fan it muzykprogramma 2 Meter Sessies.
Yn de nije rige komme yn totaal fyftich Nederlânske artysten en bands by presintator Jan Douwe Kroeske yn ’e studio foar in sesje en in fraachpetear. Der binne al opnamen befêstige mei ûnder oare Jeangu Macrooy, Klangstof, De Kift, Akwasi, Indian Askin, Michelle David & The Gospel Sessions, Thomas Azier, ORBI + Sven Figee, Yori en Dawn Brothers.
Mei it programma Studio 2020 wolle de NTR, NPO 2 extra en 2 Meter Sessies der yn it koroanajier foar de Nederlânske muzikanten wêze, en se in platfoarm jaan om harren muzyk oan in breed publyk hearre te litten, no’t live optredens óf net trochgean óf inkeld yn in folle lytser fermidden trochgean meie. Studio 2020 wurdt mei mooglik makke troch it Fonds Podiumkunsten.
Oer 2 Meter Sessies
Muzykprogramma 2 Meter Sessies sette yn 1987 útein en is dêrmei it langstrinnende op ’e wrâld. Anno 2020 binne der al mear as 1750 sesjes opnommen. Yn 1993 makke it programma fan presintator Jan Douwe Kroeske de súksesfolle oerstap fan radio nei telefyzje en waarden der sesjes opnommen mei bekende nammen lykas James Taylor, Coldplay, Foo Fighters, Jackson Browne, David Crosby, INXS, Aerosmith, Counting Crows, Radiohead en Elliott Smith.
Mear as ien miljoen 2 Meter Sessies-cd’s binne der yn Nederlân ferkocht. Tsjintwurdich is 2 Meter Sessies (wrâldwiid) digitaal sterk oanwêzich en binne der yn ’e ôfrûne jierren sesjes opnommen mei bands en artysten as Damien Jurado, Rolling Blackouts Coastal Fever, The Slow Show, Phoebe Bridgers, The Murder Capital en Fink.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje