Nije regeling foar toerismesektor yn koroanatiid

juny 10, 2020 14:04

Staveren. Foto © Pronsje Fryslân

Undernimmers yn de Fryske rekreaasje- en toerismesektor kinne stipe krije út in oardelmeterregeling. De provinsje jout oant 1500 euro subsydzje foar oanpassingen dy’t bedriuwen dwaan moatte foar de oardelmeterekonomy. Der is 1 miljoen euro beskikber. Provinsjale Steaten moatte der op 24 juny noch wol in beslút oer nimme.

It is de bedoeling om de regeling sa gau mooglik klear te hawwen. Sadree’t ûndernimmers oanfragen yntsjinje kinne, wurdt dat buorkundich makke. De oardelmeterregeling is de wichtichste maatregel út it Corona Actieplan Gastvrij Fryslân, dat hjoed presintearre is.

“De provincie wil zoveel mogelijk bedrijven in deze voor Fryslân zo belangrijke sector helpen om te voldoen aan nieuwe eisen”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder. In kombinaasje fan mear toeristyske aktiviteiten bûten it heechseizoen en ekstra marketing foarmje in twadde spearpunt út it Actieplan. De aksjes binne in oanfolling op regelingen dy’t de ryksoerheid foar it bedriuwslibben opset hat.

Mei in spesjaal foar de koroanakrisis oprjochte Taskforce Recreatie en Toerisme hat de provinsje it aksjeplan opsteld. Provinsjale Steaten hawwe dêr twa moanne lyn om frege. De taakgroep bestiet út fertsjintwurdigers fan de Toerisme Alliantie Fryslân, Koninklijke Horeca Nederland, Hiswa/Recron, Merk Fryslân, Ynbusiness, Innovatieplatform Fryslân en Hotel Friesland.

Alles mei-inoar komt der troch it aksjeplan sa’n oardel miljoen euro beskikber. De sektor kin dêrneist ek in berop dwaan op in oar inisjatyf fan de provinsje: it pakket ‘Lok op 1: No en Moarn’, dat bedoeld is om bedriuwen en organisaasjes dy’t toch de koaroankrisis dupearre binne te stypjen om der wer boppe-op te kommen. Provinsjale Steaten moatte op 24 juny noch ynstimme mei in part fan de finansiering.

Deputearre Steaten hawwe it pakket ‘Lok op 1: No en Moarn’ en it Aksjeplan opinoar ôfstimd. It Aksjeplan slút ek oan op de útfiering fan it nije rekreaasje- en toerismebelied oant 2028, dat yn april troch Provinsjale Steaten fêststeld is.

juny 10, 2020 14:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.