Nei de oare kant fan ’e wrâld (wike 16)

juny 25, 2020 07:50
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Op it stuit bin ik oan de oare kant fan it eilân: Baracoa. It eastlikste punt fan Kuba, santjin oere út Havana wei.

Ut Playa Larga wei bin ik nei Trinidad ta gien. De stêd mei de âlde strjitten, typysk Kubaanske muzyk, en salsa. Yn it sintrum ha se Casa de la musica. Dêr spilet alle jûnen in muzykgroep. Prachtige muzyk. Ik wie dêr en prate mei wat minsken oant ynienen de plysje kaam en oan de Kubanen frege werom’t se mei my oan it praten wiene. Ik hie der alris fan heard, mar woe it doe net leauwe. Foar Kubanen is it ferbean om mei froulike toeristen in praatsje te hâlden, omdat se benaud binne dat it liede kin ta trouwen en dêrnei útnaaien (Kubaan ferlit it lân). It bart in protte, dus de plysje wol der no kontrôle op ha. Ik hie it noch nea sjoen, mar fûn it dochs bêst wol heftich. Der barde fierder neat, mar gewoan it idee dat it strafber is om mei my te praten, jout my in aaklich gefoel.

By Casa de la musica yn Trinidad

Nei Trinidad stie der in busreis fan fjirtjin oere op my te wachtsjen nei Santiago de Cuba. Ik gie in oere of sân yn ’e moarntiid fuort en kaam yn ’e jûntiid om goed njoggen oere oan. Yn ’t foar like it my no wol in goed plan om alfêst in sliepplak te regeljen, omdat ik dat net by nacht dwaan woe. Sa soe ik wat fia Airbnb regelje, mar dy app is hjir blokkearre. Nimmen kin hjir op Kuba wat reservearje mei de app Airbnb. Doe haw ik dy minsken maild en se soene by it busstasjon op my wachtsje. Ik fûn it dochs mar wat spannend, mar se stiene der om njoggen oere! Harstikke aardige minsken mei in moai hûs.

Op de Gran Piedra yn Santiago de Cuba. As it helder waar is kinst Jamaika sjen

De lêste dei yn Santiago de Cuba haw ik nei de Gran Piedra west. Dat is in grutte berch en ast boppe stiest, hast in fantastysk útsicht. It wie der hearlik rêstich en ik fûn it in moai tripke. De stêd yn Santiago is bêst wol drok en lûdroftich, dus dit wie hearlik.

Juster bin ik oankommen yn Baracoa. Foar it earst haw ik yn Kuba wat spul hân mei ien. De bussjauffeur hie it net sa op my. Nei in skoftke hie ik it ek net mear sa op him. Normaal kinst dyn ticket gewoan sjen litte en de koffer sette se dan foar dy yn de bagaazjeromte. Op guon plakken moatte se fan tefoaren witte hoe swier oft dyn koffer is en dan nimme se him foar dy mei. Dat wie hjir ek sa, mar dat hie nimmen my sein. Och, it mantsje wie sa lilk dat ik dat wer net begrepen hie. Hy die it mar raar. Ik frege wêr’t ik de koffer ôfleverje moast en hy sloech mar wat mei de hannen en ik ferstie der gjin klap fan. Dus ik sei dat er rêstich dwaan moast en my fertelle moast wêr’t it wie. Dêr fûn er neat oan. Ik ha it sels mar wer útsocht. Doe’t ik weromkaam skuorde er my de ticket út de hannen. Kaam ik yn de bus… wie der allinnich noch mar in plakje foaryn, tichtby dat aaklige mantsje. Ik haw myn earkes mar yndien en ha nei muzyk harke. It gong sa moai as wat en ik gong wat nofliker sitten mei de fuotten in bytsje op ’e oare stoel. Ik koe sa hurd net mei de eagen knipperje of dêr wie er al, hear. Pakt myn fuotten beet en smiet se op de grûn. As oankommend dosint sis ik mar: kinst it ek mei wurden oplosse.

Baracoa is prachtich en hiel oars as alle oare plakken. It is in lyts plakje, net toeristysk en der is in soad natuer. Ik sil my hjir de kommende dagen wol goed fermeitsje! As dy bussjauffeur him net sjen lit teminsten…

Geeske van der Sluis

juny 25, 2020 07:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.