Nei de oare kant fan ’e wrâld (wike 15)

juny 18, 2020 07:41
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Ik wie fan doel om ferline wykein gewoan yn Havana te bliuwen, mar ik haw ‘last minute’ it hiele wykein nei Cienfuegos west. Wy binne yn Havana de lêste tiid eins hieltyd mei ús seizen. Fjouwer fan ús woene in tatoeaazje sette litte yn Cienfuegos. Ien is in Kubaan, dus hy hie wol in adreske. Jawol. No, it lake my net sa ta, mar ik haw mei west, omdat it ús lêste wykein mei-inoar wie. Dizze wike is ien fan it groepke wer nei hûs gien, oansteande tiisdei giet der wer ien fuort en ik soe fansels myn rûnreis dwaan. Wy hawwe in super moai wykein hân mei ús allen. It wie harstikke gesellich en ien fan myn moaiste wykeinen. We hawwe nei in swimbad west, nei wetterfallen en dy fjouwer hawwe in tatoeaazje sette litten. Ik fûn it mar in nuver swithok, mar de tatoeaazjes seagen der keunstich út.

Sa’t ús mem wol wit, ik bewarje altyd fan alles en noch wat, omdat ik tink dat it altyd wer fan pas komme kin. Dat resultearret yn in protte guod, mar soms komt it echt fan pas. Ik bewarje alle kaartsjes fan taksybedriuwen of casa particulares (de hierhûskes), dy’t ik hjir krij. It is wilens in hiele samling wurden, mar yn Cienfuegos kaam it moai fan pas. Wy koene mei sa’n soad minsken mar dreech oan in sliepplak komme en in taksy nei de wetterfallen wie ek net te regeljen mei seis persoanen. Mar dêr hie Geeske de samling kaartsjes. Sa ha we in pear minsken belle en koene we teplak yn in casa particular en ek nei de wetterfallen yn in grutte taksy. Se wiene mar bliid mei myn samling. No is it noch ôfwachtsjen wannear’t de dei komt dat ús mem der ek bliid mei wêze sil.

Juster bin ik foarearst allinnich begûn oan myn rûnreis. It oare famke sil letter ynheakje. Ik fielde ûnderweis nei de bus deselde spanning as doe’t ik op Schiphol stie. Yn Havana bin ik nammentlik net mear allinnich. Ik haw in soad minsken om my hinne, mar by dizze rûnreis bin ik foar it earst wer echt allinnich. Yn ’e bus haw ik in soad praat mei minsken út Argentinië, Meksiko en Puerto Riko. Ik fyn it altyd wer moai om mei minsken fan oer de hiele wrâld te praten. Komst der hieltyd wer achter dat Kuba echt in spesjaal lân is, omdat elkenien fynt datst werom yn ’e tiid giest.

Playa Larga is de bestimming dêr’t ik no bin. Ik bin goed oankommen en haw in goed onderkommen by in leave famylje. Fan tefoaren hie ik neat reservearre. Ik haw it hjir op deselde dei noch regele troch gewoan te sykjen nei casa particulares. Dat foldocht my bêst. Gjin stress en gedonder fan tefoaren. Ik sjoch wol hoe’t it komt.

Hjoed sil ik foar it earst wer ris op de fyts stappe. Ik rin hjir altyd, mar om by it krokodillepark te kommen, haw ik dochs echt in flugger ferfiermiddel nedich. Se sizze datst it fytsen nea ferlearst. We sille sjen…

Geeske van der Sluis

juny 18, 2020 07:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.