Nederlânske learares krijt dien om kritysk boek oer ûnderwiisfernijing

juny 3, 2020 20:27

Binne ûnderwizers publike yntellektuelen dy’t lûdop meitinke oer de takomst fan it ûnderwiis of moatte se sûnder kommentaar dwaan wat de baas seit? Yn Nimwegen liket it lêste it gefal te wêzen.

Jongereinboekeskriuwster Paula van Manen, bekend fan de rige Sanne, mei fan de skoalle dêr’t hja lesjout, ynearsten net wurkje. De reden is dat hja in kritysk boek skreaun hat oer ûnderwiisfernijings. It boek hat as titel Wanneer krijgen we weer les? De opmerkelijke praktijk van gepersonaliseerd onderwijs en beskriuwt hoe’t it foar learlingen misgean kin as leararen coaches wurde ynstee fan dat se lessen jouwe.

Hoewol’t de skriuwster har foarbylden út de eigen praktyk hellet, neamt se de namme fan de skoalle net yn har boek. Dochs is de skoallieding fan betinken dat hja har kollega’s bespotlik makke hat. De skoalle wol har dêrom dien jaan.

It boek fan frou Van Manen is posityf besprutsen yn allegear fakblêden. De skriuwster jout har net ûnder it foarnimmen fan de skoalle del. Har kommentaar op ‘e kwestje is hjirre te lêzen: link.

It boek fan Paula van Manen is hjir te besetten: link.

juny 3, 2020 20:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.