Nederlân wurket mei oare lannen oan koroanafaksin

juny 4, 2020 08:53 Fernijd

Nederlân en trije oare Europeeske lannen slane de hannen yninoar om gau beskikke te kinnen oer in faksin tsjin it koroanafirus. It kabinet wol mei Dútslân, Frankryk en Italië “kânsrike inisjativen” yn kaart bringe en ûnderhannelje mei ûntwikkelers en farmaseutyske bedriuwen.

Foto: pixabay.com

In protte lannen ynvestearje yn ûndersyk nei in faksin. Nederlân, Dútslân, Frankryk  en Italië sjogge dêrby in protte foardielen yn in mienskiplike strategy. De fjouwer lannen hoopje troch mei-inoar de inisjativen te ferkennen foldwaande faksins feilich te stellen foar de EU en oare lannen, bygelyks ek yn Afrika. It is de bedoeling dat de faksins safolle mooglik op Europeeske boaiem prudusearre wurde. De fjouwer lannen wolle ek dat de “alliânsje” ôfspraken makket mei de farmaseuten oer de betelberens.

It ministearje fan Folkssûnens lit witte dat de fjouwer neamde lannen de measte ûntwikkel- en produksjefasiliteiten yn de EU hawwe. De fjouwer lannen binne ek fan doel om de Europeeske Kommisje by de ûnderhannelingen te beheljen. Oare EU-lannen meie har ek oanslute.

juny 4, 2020 08:53 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.