Musk en Grimes meie bern net X Æ A-Xii neame, wol X AE A-Xii

juny 18, 2020 09:11 Fernijd

Foto: pixabay.com

Sakeman Elon Musk (48) en sjongeres Grimes (32) meie harren bern net X Æ A-Xii neame. Ut dokuminten dy’t yn hannen binne fan ferskate Amerikaanske media docht bliken dat de keppele letter Æ net akseptearre wurdt. Dêrom hat it span harren soan no X AE A-Xii neamd.

De namme fan de seis wike âlde jonge soarge foar in soad fernuvering by it bekendmeitsjen. De namme waard alris earder feroare, om’t dy gjin sifer befetsje mocht. X AE A-Xii moat útsprutsen wurde as Ex Ash A Twelve. Neffens de papieren is de namme op dy wize wol goedkard. It sânde bern fan Musk en it earste bern fan Grimes waard op 4 maaie berne.

juny 18, 2020 09:11 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.