Mûlkapkes ferplichte: wat docht de kondukteur?

juny 1, 2020 14:58

Foto: Laura Dewilde (Unsplash)

It is mei gesichtsbedekking in bytsje as mei it tredde remljocht yn ‘e auto: earst wie it ferbean, no is it ferplichte. Wa’t yn ‘e trein of yn ‘e bus sit, moat fan hjoed ôf de ûnderste helte fan it antlit mei in kapke bedekke. Juster wie dat noch ferbean.

De Nederlânske Spoarwegen hiene harren personiel earder de opdracht jûn om net yn te gripen as ien mei in bedutsen antlit yn ‘e trein siet. Dat wie ommers plysjewurk en kondukteurs wiene gjin plysjes, sa wie it sizzen. De NOS docht te witten dat dat no oars sjoen wurdt. De omrop sitearret in reizgster: “Een jongen van een jaar of 17 werd door de conductrice verzocht om de trein uit te gaan om een mondkapje te gaan kopen.”

Net alle ferfierders gripe yn. De NOS sitearret in bussjauffeurske, dy’t seit dat se minsken sûnder mûlkapke gewoan yn ‘e bus talit. Hja seit: “Ik hoef daar niet op te handhaven. Ik mag ze wel wijzen op het feit dat de bekeuring voor uzelf is.”

juny 1, 2020 14:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.