Minister Grapperhaus falt mei noas yn ’e bûter by wurkbesite Ljouwert
Resint ferskynd
Drugs en munysje fûn by kontrôle oan Apollowei
By in kontrôle yn tritich garaazjeboksen oan ’e Apollowei yn Ljouwert hawwe opspoaringsamtners fan de gemeente mei stipe fan de plysje ûnder mear soft- en harddrugs en munysje oantroffen.
De trijehûndert stiks munysje en de drugs waarden yn ien fan de boksen fûn. De plysje docht dêr fierder ûndersyk nei. Details oer de drugs en it soart munysje kinne yn it belang fan it ûndersyk noch net priisjûn wurde. Yn in oare boks waarden yn doazen genôch ûnderdielen fûn om in hiele himpkwekerij op te bouwen. In oare bliek ynrjochte foar bewenning, wylst dat neffens it bestimmingsplan net mei. Yn twa oare boksen binne spoaren oantroffen fan oertrêdings fan de miljeuwet. Dêr wurdt noch fierder ûndersyk nei dien.
De kontrôle waard útfierd om’t der oanwizings wiene dat yn in oantal boksen kriminele aktiviteiten útfierd waarden. Sokke kontrôles kinne ek wichtige oanwizings opsmite foar ûndermynjende aktiviteiten.
De kontrôle foel gear mei in wurkbesite fan minister Ferd Grapperhaus fan Justysje en Feiligens oan Ljouwert. Tegearre mei boargemaster Sybrand Buma koe er op it plak sels de resultaten fan de kontrôle besjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje